NIJS   25-04-2013


Skeafergoeding guozzen op peil hâlde

FNP moasje krijt romme stipe yn Steaten

Auke 2011 lyts     

It Kolleezje fan Deputearre Steaten sil útsykje wat it kostet om de fergoedings foar guozzeskea bûten de saneamde rêstgebieten op peil te hâlden. Dat is it resultaat fan in moasje fan de FNP dy't yn de Steaten fan 24 april oannommen is.

 

Auke Bijlsma, FNP wurdfierder Lanlik Gebiet, Lânbou en Natuer 

Reaksje? Mail: a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

De FNP wol der op ta dat der ekstra provinsjaal jild stutsen wurdt yn de skeafergoedings foar boeren en terreinbehearjende organisaasjes lykas it Fryske Gea, Natuermonuminten en Steatsboskbehear. Deputearre Kramer reagearre posityf op de moasje dy't troch in grutte mearderheid yn de Steaten stipe wurdt.

  

Oanlieding foar de moasje is it feit dat It Ryk mei de oerdracht fan it belied oan de Provinsje folle minder jild beskikber stelt. Yn it lanlike guozze-akkoart stiet in maksimaal budzjet fan € 12,5 mln, wylst de jierlikse kosten op it stuit al € 17 mln berinne. Utgeande fan it beskikbere jild soene de persintaazjes foar de skea bûten de offisjeel oanwiisde ‘rêstgebieten' slim nei ûnderen gean. De FNP hat noed dat it draachflak foar it guozzebelied yn Fryslân dêrtroch  slim ôfnimme sil.

  

FNP wurdfierder Auke Bijlsma yn de Steaten:It foarlizzende belied falt en stiet mei draachflak. Draachflak by de minsken, dy't it útfiere moatte, meast op frijwillige basis, en draachflak by de boeren en TBO's, dy't yn oanmerking komme foar skeafergoeding. Dy lêste groep hawwe wy ús soargen oer, foarsitter, en foaral oer de fergoedings fan skea bûten de rêstgebieten, dy't yn de nota stiet op 95 % mar samar leger wurde kin as der in al te grut berop op dien wurdt by it Faunafûns. Dêrom in moasje om dit te ûndersykjen en op grûn fan dit ûndersyk te kommen mei in útstel oer de mooglike finansjele konsekwinsjes.'



Downloads:
FNP moasje skeafergoeding guozzen


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer