NIJS   10-05-2013


FNP: parkearkosten provinsje fiks omleech

60 % amtners giet mei fyts of OV nei it wurk

 Sybren 2011 lyts  

 

Ljouwert - De FNP-fraksje yn de Steaten fan Fryslân sil nije wike by de behanneling fan de Jierrekken 2012 freegje oft de parkearkosten foar de provinsje ek omleech kinne. Dat nei oanlieding fan de meast resinte sifers oangeande it wen-wurkferkear fan de amtners, dat mar leafst rom 60% fan de amtners al mei de fyts of mei it iepenbier ferfier (bus en trein) nei it wurk ta giet. Dat persintaazje is grutter as ferwachte en neffens de FNP moat dat in foardiel opleverje yn de parkearkosten.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Finânsjes

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

Dat no rom 60% fan de meiwurkers fan de provinsje net mei de eigen auto giet ‘heeft de verwachtingen overtroffen' neffens it jierferslach 2012 fan it Kolleezje. Begjin 2011 gong noch mar 40% mei in duorsume ferfiersfoarm. Dat sil betsjutte dat der minder berop dien wurde sil op de parkearfasiliteiten en dat kin, as it goed is, in besparring opleverje. De FNP wol dan ek witte oft yn de oerienkomst mei de gemeente Ljouwert fleksibiliteit ynboud is om ôf te wiken fan it tal te hieren parkearplakken. Foar 2014 en fierder hiert de provinsje foar € 500.000 op jierbasis (mei in jierlikse yndeksaasje fan 2,5%) 256 plakken yn de nije parkeargaraazje.    

 

Fierder wol de FNP trochfreegje op de lettere oplevering fan de bou fan de parkeargaraazje troch de gemeente Ljouwert troch it finen fan asbest. De ôfsprutsen datum fan jannewaris 2014 wurdt no net mear helle en der wurdt lykas no gebrûk makke fan de parkeargaraazjes Hoeksterein en de Klanderij. Der is net foldien oan de oerienkomst en de FNP freget him ôf oft dêr ek in sanksje foar ynsteld is. Dêrneist hawwe wy begrepen dat de kosten fan parkearen no, op de beide lokaasjes ‘De Klanderij' en ‘Hoeksterein' goedkeaper binne as de € 500.000 dy't skielk ferwachte wurde op it nije plak. .

  



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer