NIJS   30-05-2013


Skrassen 100-learlingen noarm jout romte foar Frysk maatwurk

Kritysk op brûken finansjele taslach lytse skoallen foar ôftwingen gearwurking

 Annigje Toering 2012 05  

De FNP is bliid dat der gjin fêste opheffingsnoarm fan 100 learlingen foar lytse skoallen komt. Steatssiktaris Dekker fan Underwiis nimt it advys fan de Underwiisrie net oer. It nije belied kin romte jaan oan it  maatwurk fan it regionale ûnderwiisbelied, dêr't de FNP al in skoft politike aksje foar fierd hat.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Underwiis

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

Wurdfierder Annigje Toering fan de FNP Steatefraksje is bliid dat Dekker yn de nije beliedsfisy foar de Twadde Keamer no ek pleitet foar FNP punten sa as kwaliteit, berikberens en beskikberens fan ûnderwiis yn Fryslân. Neffens Toering kin no neist de kwaliteit fan it ûnderwiis, ek in regionaal plan foar lytse skoallen yn krimpgebieten en in oanpak foar it weinimmen fan bestjoerlike behinderingen omtinken krije.

  

Toering is ek bliid dat yn de analyse no erkend wurdt dat der gjin ferbân is tusken ûnderwiiskwaliteit en it lytser wurden fan skoallen. Se warskôget al dat de bestjoerlike, organisatoaryske en finansjele kwetsberheden fan lytse skoallen hjir net op slach mei weinommen binne. Sa komt der ek ekstra tafersjoch fan de Underwiisynspeksje op lytse skoallen.

 

De FNP bliuwt skerp op de útwurking fan de plannen yn in wetsútstel kommend jier. ‘It moat net sa wêze dat it ministearje fan Underwiis fia dy wet de romte dy't der mei dizze brief leit wer beheint troch alderhande regeltsjes.' Toering wiist op it feit dat de steatssiktaris de finansjele taslach foar lytse skoallen tenei wol brûke wol om gearwurking mei oare skoallen te stimulearjen. ‘As dat te twingend wurdt dan binne wy wer like fier. Wy binne pas gerêst as der yn 2016 in dúdlike wet leit dêr't de romte foar maatwurk yn de regio yn oerein bliuwt.'

 



Downloads:
Kamerbrief leerlingdalen primair en voortgezet onderwijs


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer