NIJS   18-06-2013


NUON-jild foar Deltaplan Digitalisearring

Ynvestearring € 5 mln foar 125 arbeidsjierren wurk

 Sybren 2011 lyts  

De FNP wol NUON-jild stekke yn it Deltaplan Digitalisearring fan de Fryske erfgoedynstellingen. It giet om in ynvestearring fan € 5 mln. De Steatefraksje komt by de Kadernota 2014 yn de Steaten mei in útstel.  It is in saneamde ‘Quick Win' dêr't dit jier noch mei útein set wurde kin. Der wurdt in ympuls foar de wurkgelegenheid fan 125 arbeidsjierren ferwachte.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Finânsjes en Ekonomy

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

It Deltaplan Digitalisearring omfiemet it digitalisearjen fan wichtich Frysk erfgoed. It projektplan is opset troch seis Fryske erfgoedorganisaasjes (Tresoar, Omrop Fryslân, Cedin, Fryske Akademy, Afûk en Ried fan de Fryske Beweging). Doel is om it kulturele kapitaal fan Fryslân fia ynternet beskikber te stellen en rendearje te litten foar de mienskip, it ûnderwiis en bedriuwen. Dan giet it om it digitalisearjen en beskikber stellen fan kranten en literatuer, argiven en befolkingsregisters, foto- en filmmateriaal.

 

Grutte partners lykas Google en Amazon binne belutsen by it projekt. Dêrtroch wurdt Fryslân yn ien kear folle mear sichtber. Foar it ûnderwiis is it projekt ek fan grut belang: it kin beskikke oer edukatyf materiaal, mei de digitale bestannen spilet Fryslân goed yn op de belangrike trend fan online edukaasje. Yn de ekonomyske sektor kin benammen de ‘creative industry' beskikke oer kennis, ynformaasje en ynspiraasje.

 

De FNP ferwachtet neist it fersterkjen fan de (digitale) kulturele ynfrastruktuer in ympuls foar de wurkgelegenheid yn Ljouwert fan 125 direkte arbeidsjierren. It projekt kin benammen in soad wurkgelegenheid biede oan minsken dy't no noch in útkearing hawwe (WWB,  SW).



Downloads:
Projektplan deltaplan digitalisearring


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer