NIJS   21-06-2013


FNP: NUON-jild foar Fryslân yn 'e Pronk

Ynvestearring 14,3 miljoen yn bou en restauraasje

visser 1   

De FNP wol NUON-jild stekke yn it plan  ‘Fryslân yn 'e Pronk'. In bedrach fan € 14,3 mln moat neffens de partij  ynset wurde foar de restauraasje fan karakteristike huzen en oare bouwurken. Der kin noch dit jier úteinset wurde mei it útfieren fan restauraasje oanfragen. It plan moat neist opkreaze doarpen en binnenstêden wurk opsmite foar faklju yn de bou, yn totaal sa'n 250 strukturele banen.

 

Jan Visser

FNP wurdfierder Romtlike Oardering en Wentebou 

 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

Mei Fryslân yn 'e Pronk wol de FNP bou- en restauraasjebedriuwen yn Fryslân wurk jaan. Neffens steatelid Jan Visser stiet it wetter de boubedriuwen oan de lippen ta en moat der wat barre. Boppedat mei it restauraasje-ambacht net ferlern gean. Der is ferlet fan jonge minsken dy't bygelyks it restauraasje timmerwurk leare wolle; dy kinne hjirmei in kâns op wurk krije. It is tagelyk ek in ynvestearring yn ûnderhâld fan likernôch 2300 karakteristike wenhuzen, gemeentlike monuminten en oare lytsskalige lânskipseleminten. Dit soe likernôch 250 strukturele banen opsmite. It giet ek om de kwaliteit fan de leef- en wenomjouwing fan doarp en stêd yn Fryslân op de langere termyn.

 

Foarbylden Fryslan yn e Pronk

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De FNP hat fêststeld dat in soad Fryske gemeenten wol in ynventarisaasje fan karakteristike wenhuzen en oare gebouwen hawwe, mar dat it op dit stuit stûket op de gemeentlike finânsjes. In provinsjaal fûns kin dan de besteande inisjativen wer flot lûke. Dat is ek wichtich om it tsjingean fan de krimp, funksjeferoaring fan gebouwen en it toerisme yn de gemeenten te fasilitearjen. It stimulearringsfûns is net bedoeld foar ryksmonuminten mar soe trije oare doelgroepen dy't no faak tusken wâl en skip falle betsjinje moatte mei subsydzjes: karakteristike partikuliere wenhuzen, karakteristike lytse bedriuwspannen en lytsskalige boude lânskipseleminten lykas poldergemaaltsjes, heaskuorkes of Amerikaanske wynmotors.



Downloads:
Taljochting projektplan fryslân yn`e pronk


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer