NIJS   26-06-2013


Thialf op foarsprong mei realisaasjebeslút Steaten

FNP yn de Steaten fan 26 juny 2013

 Sybren 2011 lyts  

 

Partijen wolle gjin debat wurkgelegenheid rykstsjinsten

 

Der driigje mooglik wol 1000 banen ferlern te gean by de Rykstsjinsten yn Fryslân. Minister Blok komt kommende freed al mei in reorganisaasjeplan. It is net de earste kear dat dit spilet. De FNP hat al jierren grutte noed oer dizze ûntwikkeling. De fraksje hat der kear op kear fragen oer steld.

 

Foar 26 juny hiene wy in ynterpellaasje oanfrege fan CdK Jorritsma. Spitigernôch woe in grutte mearderheid fan de Steaten it debat oer de wurkgelegenheid al yn it foar net tastean. Wurdfierder Sybren Posthumus wie sadwaande ta syn grutte spyt needsake om de ynterpellaasje oan it begjin fan de gearkomste yn te lûken.

 
     
 Auke 2011 lyts  

Thialf komt op foarsprong mei realisaasjebeslút

 

De FNP hat fan herte ynstimd mei it beslút om nij Thialf op it besteande plak te realisearjen. Der is € 50 mln beskikber steld om fan Thialf dé nije reedryd-timpel fan Nederlân te meitsjen. Neffens de FNP komt Fryslân mei dit beslút wer op foarsprong te stean yn de lobby nei de KNSB.

 

Wurdfierder Auke Bijlsma hat yn it debat it Kolleezje ferge op ús eardere moasje,  om fan Thialf in ‘ikoan fan duorsumens' te meitsjen. Dy wie neffens de FNP fraksje noch te min útfierd. Deputearre Hans Konst hat tasein om dat dochs te dwaan. It giet dan om it besparjen fan enerzjy mei de klimaat- en iisynstallaasjes én om it opwekken fan enerzjy bygelyks mei sinnepanielen op it nije dak fan Thialf.

     
 Annigje Toering 2012 05  

Nij kolleksjesintrum foar Fryske musea

 

Ta ús foldwaning komt der no in nij depot - kolleksjesintrum Fryslân -  foar it Fries Museum, it Skipfeartmuseum, Lânboumuseum, Natuermuseum en Tresoar. Neffens de plannen komt der in nij enerzjysunich gebou foar € 7,4 miljoen.

 

It Fryske erfguod kin dêr folle better yn bewarre, bestudearre en ûntsluten wurde as yn de hjoeddeistige kelders en souders. It depôt is in konkreet resultaat fan it kultuerbelied fan de Provinsje, dêr't de FNP wakker ynbring yn hân hat.

     
 visser 1  

Feiligens seediken bliuwt op aginda

 

FNP wurdfierder Wetter Jan Visser hat mei in amendemint soarge dat de feiligens efter de Fryske seediken de kommende tiid omtinken fan Kolleezje en Steaten hâldt. It giet om de saneamde 'mearlaagse feiligens' wêrby it net mear allinnich om de sterkte fan de wetterkearingen giet, mar ek om de kwaliteit fan de evakuaasjeplannen en gearwurking tusken de oerheden by oerstreamings.

 

De gelikense behanneling fan de Fryske ynwenners en dy fan de Rânestêd by de wetterfeiligens hat by de FNP de ôfrûne tsien jier hieltyd heech op de wurklist stien. It ûnderwerp like no fan de list fan moasjes en tasizzingen fan it Kolleezje te ferdwinen, wylst de Steaten noch gjin brief of útlis krigen hawwe. Dat is hjirmei opkeard.

     

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer