NIJS   04-07-2013


Stipe foar FNP útstellen Fryske Kadernota 2014

Algemiene Skôgings, Deltaplan Digitalisearring en Fryslân yn'e Pronk

 Annigje Toering 2012 05  

It jild moat rôlje, hearre wy út de rûnten fan de Haachske koalysje. In sabeare nij resept foar de krisis is noch hieltyd it bepalende tema as it giet om de oerheidsfinânsjes. Mar it is de fraach oft jo de krisis effektyf bestride kinne mei allinnich ynvestearrings fan de oerheid. Is eins  it betrouwen dat de minsken hawwe, of júst net hawwe yn it systeem, net like wichtich?  It bedriuwslibben, it maatskiplik middenfjild en de oerheid, alles meielkoar. En wat kinne wy dêr as Provinsje oan bydrage?

 

Annigje Toering, foarsitter FNP Steatefraksje

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

Sa begong Annigje Toering har Algemiene Skôgings by de Kadernota 2014 yn de Fryske Steaten. Dy Kadernota is mei unanime stipe fan PS fêststeld, op himsels al wat bysûnders. Sa docht bliken dat ús Kolleezje fan PvdA, FNP en CDA it spul wer aardich op de wein hat.

 

In grut Frysk ynvestearringsprogramma wurdt no mei it NUON kapitaal mooglik makke. Wy wolle as FNP dat de ynvestearringen lykwols ek foar de langere termyn en foar de Fryske kearnkwaliteiten fertuten dogge. Dan is it jild aanst net wei mar draacht it by oan de takomstige fertsjinkapasiteit fan Fryslân.

 

De FNP stipet ferskate inisjativen foar de wentebou, omdat dy neist wurk op de koarte termyn ek struktureel foar de bewenners wat opsmite. Stimulearjen fan it bouwen en ferbouwen nei ferlet foar hierder en eigener, enerzjysunich, mei it each op de demografyske feroarings. En  mei it each op it tanimmend ferlet fan soarch yn de mienskip en fan leeftydsbestendich bouwen.

 

Deltaplan Digitalisearring

De eigen FNP-útstellen Deltaplan Digitalisearring en Fryslân yn'e Pronk krigen romme stipe.

It Deltaplan Digitalisearring Frysk erfgoed omfiemet in plan fan seis Fryske organisaasjes foar it digitalisearjen fan alderhande materiaal lyk as kranten, literatuer, befolkingsregisters, foto- en filmmateriaal. Mar ek de moaie en ynformative programma's fan de skoalradio en -televyzje foar de basisskoallen.

 

Fryslân yn'e Pronk

Underdiel fan de plannen foar de bousektor is :"Fryslân yn ‘e  pronk". In plan foar it opknappen fan karakteristike byldbepalende panden en lytsskalige lânskipseleminten. Mei tank oan FNP riedslid Anje Wester, dy't inselde plan yn Tytsjerksteradiel ynbrocht hat.  

Beide projekten meitsje neffens ús optimaal gebrûk fan dy Fryske kearnkwaliteiten om wurk foar faklju te skeppen yn de bou en erfgoedsektor. Tagelyk leverje dizze plannen foar de takomst in bydrage oan in oantreklik Frysk wen- en leefklimaat. En oan de mooglikheid foar minsken oer de hiele wrâld om firtueel te sneupen yn it Frysk erfguod. De Grinzen Oer mei de Fryske kultuer !

 

De FNP hat de hoop en ferwachting, dat in bydrage fan ús Provinsje mei wurkje sil om it betrouwen yn de ekonomyske takomst werom te krijen. By de minsken, by it bedriuwslibben en by de maatskiplike organisaasjes yn dizze moaie Provinsje Fryslân.



Downloads:
Algemiene skôgings FNP by kadernota 2014


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer