NIJS   21-08-2013


Muorrekeatsen Olympyske demosport yn Rio

FNP freget stipe foar Fryske delegaasje

 Sybren 2011 lyts  

 

De FNP freget it Kolleezje fan Deputearre Steaten om finansjele stipe foar in Fryske keatsdelegaasje nei de Olympyske Spullen 2016 yn Rio de Janeiro. It muorrekeatsen is dêr erkend as Olympyske demonstraasjesport. De partij tinkt dat in Fryske dielname goed is foar it keatsen en de ynternasjonale profilearing fan de provinsje Fryslân.

  

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Boarger en Mienskip

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

In Fryske delegaasje koe fan't simmer net meidwaan omdat se de sponsoring net rûn krije koene. De FNP stelt dat in Fryske dielname oan it muorrekeatsen yn Rio 2016 goed oanslút  by it hjoeddeistige belied om Fryske sporten te befoarderjen. It past ek by de algemiene PR ynspannings fan de Provinsje om Fryslân ynternasjonaal en mei eigen sporten te profilearjen. 

 

De FNP is fan betinken dat Fryslân dizze kâns net rinne litte moat. De fraksje freget DS om  in ienmalige finansjele ympuls. Dat moat mooglik meitsje om in delegaasje fan Fryske muorrekeatsers ôfreizgje te litten nei de Olympyske Spullen fan Rio de Janeiro yn 2016. 



Downloads:
FNP skriftlike fragen muorrekeatsen olympyske demosport
Antwurdbrief op FNP fragen muorrekeatsen


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer