![]() |
De Steatefraksje fan de FNP wol by weryndieling de stim fan de befolking it swierst meitelle litte. Dêrom neamt wurdfierder Annigje Toering it útstel fan B&W om Boarnsterhim yn trijen te knippen ‘swier teloarstellend'.
Reaksje ? toeringsis.fryslan.nl
Annigje Toering, tillefoan 058-2501564 / 06-51247182
|
‘No binne der wol yn sawat alle doarpen byienkomsten hâlden. Dat wie in wurkwize dy't in positive ferwachting wekte. It is yn Boarnsterhim perfoarst better oanpakt as yn de Súdwesthoeke. Mar dat B&W der dan yn dit útstel neat mei dogge is swier teloarstellend.' Toering wiist der op dat de Twadde Keamer yn it debat oer de Súdwesthoeke ôftwongen hat dat it lokale draachflak yn de doarpen troch de gemeenten tenei better oantoanber hifke wurde moast. ‘De Keamer hat dy útspraak fansels net foar neat dien'.
De FNP refereart yn syn krityk foaral oan doarpen lykas Tersoal, Sibrandabuorren en Poppenwier, dy't alhiel op Snits oriëntearre binne en no dochs by Ljouwert yndield wurde. Of Warten, dêr't 65 % nei Tytsjerksteradiel wol. Mar ek oan Terherne (95% foar Skarsterlân) of Akkrum (3500 ynwenners), dêr't de befolking mei grutte mearderheid foar Skarsterlân keazen hat en no by Hearrenfean oanplakt wurdt. ‘Gjin inkel doarp woe by Hearrenfean. Rûnom wie it boadskip: fierder yn in oare plattelânsgemeente. Sa'n sterke foarkar fan de befolking kinne jo as B&W net negearje: foar de FNP is fan ûnderen op ek echt fan ûnderen op'