NIJS   14-07-2017


FNP wol opbringsten ferkearskontrôles brûke foar ferbetterjen feiligens

De FNP wol dat it jild dat fertsjinne wurdt mei trajektkontrôles en flitspeallen op provinsjale Fryske diken net ferdwynt nei Den Haach. Yn de eagen fan de FNP soenen de opbringsten fan dy ferkearskontrôles krekt ynvestearre wurde moatte yn de feiligens fan de eigen provinsjale wegen. De systematyk om mei ferkearskontrôles de steatskas te spekken moat ophâlde, fynt de Steatefraksje.

De FNP swingelet dit oan omdat de kommende jierren trajektkontrôles ynfierd wurde sille op de provinsjale diken N351 en N381 én omdat der in útwreiding fan it tal flitspeallen yn Fryslân komt, by Tsienzerbuorren (N354) en Burchwert (N353). Beide ek provinsjale diken.

 

Boeterein

De FNP kin him foarstelle dat yn it ramt fan de ferkearsfeiligens dy beide maatregels dien wurde mar hat soarch oer de ‘boeterein'. It kin net sa wêze dat brûkers fan de provinsjale diken dit aansens beskôgje sille as in ynkomsteboarne om de kas fan it Ryk te spekken sûnder dat dêr ferbettering fan de feiligens oan de diken sels of help by it ferbetterjen fan ferkearsgedrach tsjinoer stiet. It binne ommers kontrôles by provinsjale diken, dy't betelle én ûnderholden wurde troch de provinsje mar wêrby't it boetejild ferfolgjens nei de Steatskas ta ferdwynt.

 

Ferkearsfeiligens

Dêrom fynt de FNP it earliker en rjochtfeardiger dat de ynkomsten fan ferkearskontrôles op provinsjale diken by de provinsje bliuwe en ek echt allinnich mar brûkt wurde om de ferkearsfeiligens fan de diken yn Fryslân (fierder) te ferbetterjen of in ferkearsfeilich gedrach te befoarderjen. Dêrom hat de FNP Steatefraksje hjoed oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân frege oft it Kolleezje ree is om, yn neifolging fan de gemeenten, ek by it Ryk te pleitsjen om de ynkomsten fan ferkearsoertredings by provinsjale diken sels hâlde te kinnen (lykas gemeenten yn it ferline sels ek de ynkomsten hâlde mochten).

 

Ynkomste-boarne

Dêrneist hat de FNP frege oft it Kolleezje ree is om it ûnderwerp ‘Ynkomsten fan ferkearskontrôles' ek (fia VNG/IPO) yn te bringen as mooglike nije eigen ynkomste-boarne foar de desintrale oerheden. Dat as elemint yn de lanlike diskusje om gemeenten en provinsjes mear eigen belestingynkomsten te jaan, wêrby't it totale nivo fan de belestings net omheech giet.



Downloads:
FNP fragen opbringsten ferkearskontroles
Antwurd op FNP fragen opbringsten ferkearskontroles


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer