NIJS   22-09-2017


FNP fragen oer befoardering Fryske Literatuer

Wurdt it literêre fjild no belutsen by takomstige promoasje fan Fryske boeken? Hoe stiet it mei it plan fan de Afûk foar in nij promoasje- en ferkeapplan? Komt der noch wer in Frysk boekefeest? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjir skriftlike fragen oer oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

De FNP merkbyt dat der fraachtekens libje oer alle feroaringen by skriuwers, dichters, útjouwers en oaren dy't belutsen binne by de Fryske literatuer. Neffens wurdfierder Corlienke de Jong liket alles stil te wêzen nei de ‘hookstrookse oerdracht' fan de boekpromoasje fan Tresoar nei de Afûk.

 

De Jong: ‘Der hearsket grutte ûndúdlikens oer de takomst fan it Fryske boekefeest. Dat waard oars altyd yn septimber holden. Deselde fraachtekens binne der oer Swalk / de moanne fan it Fryske boek. Wy tinke dat it goed wêze soe as der in dúdlik brief komt fan de deputearre oer dizze ûnderwerpen. Leit it belied noch op koers, wêr kinne de minsken op rekkenje?'

 



Downloads:
FNP skriftlike fragen fryske literatuer
Antwurd op FNP fragen fryske literatuer


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer