NIJS   02-06-2012


Aksjes tsjin opheffen stúdzje Frysk

Ledegearkomste stjoert protestbrief nei Halbe Zijlstra en Kolleezje fan Bestjoer RUG

Nynke Beetstra   

De FNP ûndernimt aksje tsjin it opheffen fan de stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Dat hat de ledegearkomste fan de partij freed yn Wurdum besletten. Neffens de FNP is it plan om Frysk as folweardige en selsstannige stúdzje te skrassen in skeining fan nasjonale ôfspraken en ynternasjonaal rjocht.

 

Nynke Beetstra, partijfoarsitter

Reaksje? Mail nynke.beetstrafryslan.nl

 

 

Neidat fragen steld binne yn de Steaten, de Earste Keamer en troch ferskate partijen yn de Twadde Keamer studearret de FNP no op de mooglikheden om it opheffen fan de stúdzjerjochting lâns juridyske wei tsjin te hâlden. De kommende wiken sille partijleden protestbrieven stjoere oan de ferantwurdlike bestjoerder, steatssiktaris Halbe Zijlstra en it Kolleezje fan Bestjoer fan de Universiteit. De FNP ropt alle Friezen op dat ek te dwaan. Foarbyldbrieven binne te finen op de side fan Rêd Frysk. Brieven kinne it bêst yn it Frysk - de steatssiktaris is sels in Fries.

 

De leden fan de FNP binne poer oer it beslút dat Frysk gjin folsleine stúdzje mear wêze sil en fine it in ‘messtek yn de rêch fan eltse Fries'. Mei it ferdwinen fan de haadfakstúdzje sil neffens har in wichtige pylder fan de Fryske taal ferdwine.

 

Neffens de FNP makket de gong fan saken dúdlik dat De Haach net goed op'e hichte is mei de eigen ôfspraken tusken de Provinsje Fryslân en it Ryk. Yn de Bestjoersôfpraak Fryske Taal en Kultuer stiet oer de stúzje Frysk: 

 

BFTK 2001, kêst 2.8.3: ‘De Minister van Onderwijs, Cultuur en Wetenschappen garandeert de instandhouding van een basisvoorziening voor de beoefening van de Friese taal en letterkunde aan een universiteit. In concreto betekent dit dat de Rijksuniversiteit Groningen een levensvatbare hoofdvakvestiging in stand houdt. Inspanning: Rijk'

 

Klik hjir nei de reportaazje fan Omrop Fryslân

 



Downloads:
Protestbrief cvb
Protestbrief cvb frysk
Protestbrief ocw
Protestbrief ocw frysk
Protestbrief cvb *.doc
Protestbrief cvb frysk *.doc
Protestbrief ocw *.doc
Protestbrief ocw frysk *.doc


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer