NIJS   13-06-2012


Fotoferslach ALG 1 juny 2012

Soad nijsgjirrige punten yn Algemiene Ledegearkomste

Op de Algemiene Ledegearkomste fan 1 juny 2012 kin foarsitter Nynke Beetstra sa'n 55 leden wolkom hjitte op de boppeseal fan kafee Duhoux yn Wurdum.
A L JUNY 2012 leden 

 

 
 

De gearkomste begjint mei it beslút om yn aksje te kommen tsjin it opheffen fan de selsstannige stúdzje Frysk yn Grins. Der sille protestbrieven stjoerd wurde nei ‘De Haach' en ‘Grins', ek de leden wurde dêrta oproppen.

 

 

 

A L JUNY 2012 Kees de Lange 

 

Ien fan de oanwêzigen is senator Kees de Lange. As fertsjintwurdiger fan de OSF en foar de FNP yn de Earste Keamer praat hy de leden by oer syn wurksumheden as senator.  Fansels spilet de (euro)krisis en alles wat dermei gearhinget in haadrol yn de polityk. Mar it is goed om te hearren, dat ek fragen oer it ferdwinen fan de stúdzje Frysk en it ferpartsjen fan de gasjilden oan de minister steld wurde.

 

Jantsje Heeringa fertelt wat oer de enkête, dy't ferline jier nei alle leden stjoerd is. It is de bedoeling om in soarte fan netwurk op te setten fan minsken dy't wat betsjutte wolle foar de FNP. Yn earsten geane de útslaggen nei de ôfdielings, dan kinne dy oan de slach mei de útkomsten.

 
 
A L JUNY 2012 FNPj   

 

De FNPj lit sjen, dat hja op in konstruktive wize meitinke wolle oer de takomst fan de FNP. Foarsitter Saapke de Groot-Voolstra presintearret dêr in fisydokumint fan de jongerein oer. De FNPj sinjalearret bedrigings en knipepunten, mar ek kânsen. Fierder dogge se in tal oanbefellings foar de FNP. In positive en weardefolle bydrage oan dizze jûn!

 

 

A L JUNY 2012 Joop   
 

Nei de wenstige saken as jierferslach, oantekens en finânsjes, dy't gjin swierrichheden opleverje, komt it ôfskied fan partijhûsmeiwurker Joop Zeinstra. 11 jier hat er op tiisdei it partijhûs bemanne. De ledemutaasjes en it ferstjoeren fan de wolkomspakketten wiene û.o syn wurk. Hy wurdt betanke mei de FNP-pinne en in bakkerspakketsje.

 

Bakkerspakketsjes en wurden fan tank binne der ek foar de jubileumkommisje, Douwe Bijlsma, Ate Eijer, Jochum Meester, Anke Dijkstra en Aeltsje de Groot. By it omfreegjen komme ûnder oaren de Kulturele Haadstêd en it boargerinisjatyf fan BetterAs te praat.

 
 
A L JUNY 2012 HB+sprekker   
 

Nei it skoft komt Wibe Altenburg oan it wurd mei in nijsgjirrich ferhaal oer de greidefûgels. Die de FNPj de foarsizzing dat de skries yn 2040 útstoarn wêze soe yn Fryslân, Altenburg lit sjen, dat der noch wol deeglik kânsen en mooglikheden binne.

 

Sa kin dizze lange jûn fol nijsgjirrige ûnderwerpen, dy't spitigernôch fanwege tiidkrapte net allegear útdiskusjearre binne, sletten wurde.

 

Aeltsje de Groot-Zantema

 

 



Fotoferslach ALG 1 juny 2012



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer