NIJS   06-09-2012


FNP start nije seizoen 2012-2013

Aktyf kader byinoar op Dekemastate

Op freedtejûn 31 augustus rint "It sael" fan Dekemastate yn Jelsum aardich fol. Sa as wenst is der ek dit jier in noflike gearsit foar Steateleden, meiwurkers, HB-leden en kommisjeleden as start fan it nije politike seizoen. It is in prachtige jûn en neat docht mear tinken oan de fûleinige reinbuien fan earder dy dei. Dy soargen der lykwols wol foar, dat ús deputearre net foar healwei tsienen yn Jelsum wêze kin Hy moast earst yn Seisbierrum besjen wat it wetter allegearre teweech brocht hie. In frijwillichster fan de earste oere, frou Adamse, fertelt wat oer de nijsgjirrige skiednis fan Dekemastate. Dêrnei is elk frij om yn de State om te dwalen en te sjen, hoe't de adel libbe yn de 30'er jierren fan de foarige ieu. Ek is it noch ljocht genôch om even yn de prachtich oanleine tún te sjen.

 

 Seizoenstart Dekemastate 31 aug 2012
 

Mei in beltsje wurdt elk wer nei "It sael" werom roppen. Nynke Beetstra nimt as foarsitter it wurd om elk in goed en produktyf seizoen ta te winskjen. Der binne ôfdielings, dy't it drok krije mei it tarieden fan ferkiezings dy't fanwege weryndieling al ein 2013 binne. It strategysk berie sil ek in ferfolch krije. Koartom der leit wurk genôch te wachtsjen. Yn novimber sil de ledegearkomste yn it "Abe Lenstrastadion" wêze. Sa wol it HB it jubileumjier feestlik ôfslute. Nei Nynke komt fraksjefoarsitter Annigje Toering oan it wurd. De fraksje hat der wer sin oan.  De posysje dy't men as koalysjepartij hat, begjint al te wennen, en men hat it gefoel, dat der positive saken  op it konto fan de FNP byskreaun wurde kinne. De jûn ferrint fierder tige noflik, ek troch de treflike fersoarging fan de frijwilligers fan Dekemastate. In moai begjin op in prachtige lokaasje as start fan wat hooplik in hiel goed jier wurdt!

 

Aeltsje de Groot-Zantema

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer