NIJS   29-10-2012


Konferinsje Fryske Frijheid

FNP foarsitter sprekt by Nordfriisk Instituut yn Husum

Nynke Beetstra   

It Nordfriisk Instituut organisearre 19 en 20 oktober in sympoasium mei de titel Die ‘freien Friesen' im 21. Jahrhundert. It waard holden yn it moaie kuststedsje Husum, yn Noard-Fryslân/Schleswig-Holstein. 

 

Nynke Beetstra, partijfoarsitter

Reaksje? Mail nynke.beetstrafryslan.nl

 

Op de earste dei gie it foaral oer de histoaryske betsjutting fan de Fryske Frijheid. In achttal gelearde histoarisy hold dêr in ferhaal oer, it iene fansels nijsgjirriger as it oare. Sûnder sjauvinistysk wêze te wollen fûn ik dat ‘ús' Friezen Kerst Huisman en Oebele Vries der mei harren bydragen boppe-út stutsen. De jûns wie der in muzikaal programma mei út alle trije Fryslannen in sjonger dy't yn syn memmetaal lieten oer it fuotljocht brocht. Janna Eijer die dat op in treflike wize út namme fan Fryslân.

 

De twadde dei gie it oer de fraach hokker betsjutting de tradysje fan de Fryske Frijheid noch hat yn de 21ste ieu. Dat tema waard foaral bepraat yn fjouwer diskusjegroepen. Yn ien fan dy groepen gie it oer de betsjutting hjoed-de-dei foar de polityk en as foarsitter fan de FNP wie ik mei fiif politike gasten út Noard- en East-Fryslân frege dêr wat oer te sizzen en fragen oer te beantwurdzjen. Alles yn it Dútsk fansels. Al mei al tige aardich om mei te meitsjen en foaral ek om dêr nochris werom te kommen. In prachtich gebiet mei as bysûnderheid de Halligen. En it is en bliuwt fansels in stikje Fryslân.

 

Hjirûnder it ferhaaltsje dat ik as ynliedend praatsje oer it ûnderwerp holden haw (yn it Dútsk).

 

lyts Friesenkonferenz Husum 2012 tichterby
Foto: Levke Bittlinger
 

Wat betsjut it begryp Fryske Frijheid foar my persoanlik en foar myn hanneljen hjoed-de-dei, as foarsitter fan de FNP ?

 

Ik bin opgroeid yn in Europa fan frede en frijheid. Ik fiel my Frysk en ik fiel my frij, mar Fryske Frijheid is foar my yn it foarste plak in begryp út de Fryske histoarje. It is wat út de skiednis fan myn folk en fan myn lân dêr't ik grutsk op bin. As ik East-Fryslân mei de auto binnenryd en ik lês as wolkom op in boerd Friesische Freiheid jout my dat in goed gefoel. Ik woe dat we yn ús Fryslân sa fier wiene.

 

Soms, yn myn fantasy en as in soarte fan utopy sjoch ik in frij Fryslân oan de Waadsee foar my, yn in nij Feriene Europa. Foar guon yn myn partij is it mear as allinnich  in dreambyld, mar foar in soad oaren net. Ik leau net dat it realistysk is. Ik leau wol yn gearwurking tusken ús trije Fryslannen. Dy kontakten binne der al geregeld en dat is goed. As Friezen fiele wy ús mei-inoar ferbûn. Wy diele deselde Fryske identiteit.

 

Mar de prioriteit fan de FNP leit by it opkommen en striden foar de belangen fan ús eigen Fryslân. Yn ús polityk stribje we nei mear autonomy binnen it sintralistyske Nederlân. Yn dy sin kinne we sizze dat we nei mear frijheid stribje, we wolle mear romte om yn ús eigen provinsje ús eigen saken te regeljen. Ik leau dat yn dat stribjen nei mear frijheid it histoaryske begryp Fryske Frijheid ûnbewust meispilet.    



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer