NIJS   17-12-2012


50 jierrige FNP makket minsken bliid

Fotoferslach - FNP slút jubileumjier ôf mei rûnom aksjes foar de mienskip

 

Op de 50e sneon fan har 50e bertejier socht de FNP oeral yn Fryslân it Fryske publyk op om minsken bliid te meitsjen. In soad gewoane Friezen krigen ûnferwachts in presintsje of in boskje blommen. De meiwurkers fan Omrop Fryslân krigen oranjekoeke as hert ûnder de riem by har striid om it fuortbestean.

 

De FNP bestiet 50 jier yn 2012. It jubileumjier waard yn jannewaris begûn mei in grut jubileumsympoasium. De aksjes fan 15 desimber foarmje de ôfslúting fan de jubileumaktiviteiten.

 

Hjirûnder in pear fan de aksjes dy't FNP-ôfdielings útfierden.

 
Aksje 50 jier FNP Achtkarspelen 

Achtkarspelen 

Geart van der Velde (rjochts) fan FNP-Achtkarspelen mei frijwilligers fan de Voedselbank. Se krigen mear as 600 produkten oanbean as stipe foar de minsken yn noed en foar de 35 frijwilligers dy't der helpe.

Foar mear nijs oer dizze aksje klik hjir

 

50 jier FNP Boarnsterhim en stim 

Boarnsterhim 

Yn Boarnsterhim krige frijwilliger Eelke Bosma fan radiostjoerder de Boarnsterstim in 50-jier jubileumtaart. In blyk fan wurdearring foar de ferbinende rol dy't de stjoerder yn de mienskip spilet.

Foar mear nijs oer dizze aksje klik hjir.

 

50 jier FNP De Fryske Marren

De Fryske Marren 

Jan Geart Vogelzang (rjochts) fan FNP De Fryske Marren brocht músyk by de minsken thús. Foar mear nijs oer dizze aksje klik hjir.

 

50 jier FNP Dongeradiel seit it mei blommen 

Dongeradiel 

Yn Dongeradiel gongen wethâlder Pytsje de Graaf, riedsleden en oare FNP'ers by de doarren lâns mei blommen.

 

50 jier FNP Frjentsjerteradiel 

Frjentsjerteradiel 

Yn Frjentsjer fertsjinne it publyk in lekker stikje oranjekoeke.

 

50 jier FNP It Hearrenfean 

It Hearrenfean 

Op de krystmerke op It Hearrenfean wie der in soad oandacht foar de kream fan de FNP. It publyk koe reagearje op stellingen lykas: "Moat Fryslân Fryslân bliuwe"en Fryslân wynmûne frij"

Foar mear nijs oer dizze aksje klik hjir.

 

50 jier FNP Kollumerlan

Kollumerlân

Yn Kollumerlân in CD 'Zing je moerstaal' foar famylje Kooistra - en alle oare famyljes mei hûsnûmer 50.

 

Ljouwert

Yn Ljouwert makke fraksjelieder Pier Tilma 50 kilometer op de fyts dokumentêres oer stêd en omjouwing en sette dy op Youtube.

Foar mear nijs oer dizze aksje klik hjir

 

50 jier FNP Menameradiel 

Menameradiel

De FNP Menameradiel hat 50 miljeufreonlike ballonnen oplitten.

Foar mear nijs oer dizze aksje klik hjir

 

50 jier FNP Sudwest

Súdwest-Fryslân 

Yn Súd-West Fryslân krige it publyk, ûnder oaren in pear bussen fol Johannes-de voice-fans, Ik-hâld-fan-Fryslân-stikkers.

Dêr waard elkenien fleurich fan!

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer