NIJS   27-08-2013


FNP: fûleindich ferset tsjin skalygaswinning

Arguminten deselde as by gemysk en radioaktyf ôffal yn de boaiem

visser 1

De FNP is fan betinken dat de Provinsje Fryslân him fûleindich fersette moat tsjin eventuele skalygaswinning. Deselde arguminten dy't yn it Fryske Streekplan jilde tsjin de opslach fan gemysk en radioaktyf ôffal yn de grûn geane ek op foar it winnen fan skalygas, sa fynt de partij.

        

Jan Visser

FNP wurdfierder Mynbousaken     

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

FNP wurdfierder Jan Visser wol fan it Fryske Kolleezje fan Deputearre Steaten witte oft de rapporten fan minister Kamp wol folslein en goed genôch binne. De FNP ferget it Kolleezje om skerp stelling te nimmen tsjin eventuele skalygaswinning. De partij fynt it betiizjend dat der yn de media kaartsjes fan TNO sirkulearje dêr't in part fan Fryslân ek op ynkleure is. De Provinsje is troch it Ryk lykwols net riedplachte as belutsen partij. Yn it rapport sels steane wer oare kaartsjes fan TNO, dêr't de Fryske skalygasgebieten net op oanjûn binne. Visser: ‘Dit wekt de suggestje dat der gûchele wurdt mei de ynformaasje der't de minister, de Twadde Keamer en de Provinsje harren besluten op basearje moatte. Ik wol witte hoe't it no krekt sit: is Fryslân no al as net yn byld foar skalygaswinning?'

 

De FNP is fan betinken dat deselde arguminten wêrmei Fryslân him yn it Streekplan ferset tsjin de opslach fan gemysk en radioaktyf ôffal yn de ûndergrûn, ek jilde kinne foar de skalygaswinning. It giet om it ynbringen fan stoffen dy't net yn de boaiem thús hearre en dy't skealik wêze kinne foar it boaiemsysteem of it boaiemgebrûk. Tink dêrby oan it grûnwetter, de feiligens fan de drinkwetterwinning en de kâns op ierdbevings. Ek hjirby giet neffens de FNP it soarchfâldigensprinsipe op. De kâns op kalamiteiten en de ûnbehearskberheid fan ûndergrûnse aktiviteiten is foar de skalygaswinning like goed oanwêzich. De yngreep is ûnomkearber; jo kinne der net mear by as der wat mis giet.

'Gjin gegriem mear yn ús Fryske grûn' sa is de FNP fan betinken.



Downloads:
FNP skriftlike fragen skalygaswinning


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer