NIJS   11-07-2013


Simmerske wurkbesite FNP

Fotoferslach ekskurzje Iisbuorkerij De Bûterkamp Aldemardum

Op 5 july hat in delegaasje fan de Steatefraksje op de Hege Gerzen by Aldemardum oerlis hân mei Bosk en Greide. De organisaasje foar agrarysk en partikulier natuer- lânskipsbehear yn Gaasterlân driget tusken wâl en skip te fallen nei de oergong fan it natuerbelied fan it Ryk nei de Provinsje in pear jier lyn. 

 

Wurkbesite Aldemardum 5 july 2013 002 lyts

Dizze greide by Aldemardum wurdt botanysk beheard.

 

Wurkbesite Aldemardum 5 july 2013 001 lyts 

Nei de tiid kamen fraksje en deputearre byelkoar op Iisbuorkerij De Bûterkamp.

 

Wurkbesite Aldemardum 5 july 2013 006 lyts

De FNP-ers krigen útlis oer it biologysk melkfeebedriuw.

 

Wurkbesite Aldemardum 5 july 2013 011 lyts 

It toerisme mei ekskurzjes op de pleats is hjir ek wichtich foar de bedriuwsfiering.

 

Wurkbesite Aldemardum 5 july 2013 012 lyts

De omjouwing is tige yn trek by fytsers.

 

Wurkbesite Aldemardum 5 july 2013 015 lyts

Fraksje en meiwurkers hawwe no efkes lins.

De fraksjekeamer is wer iepen op 26 augustus.

Allegear in noflike fakânsje tawinske !

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer