NIJS   20-09-2013


Oername Omrop Fryslân troch 'Hilversum' driget

Fragen FNP oan Kolleezje oer berjochten RTV-Noord

 Sybren 2011 lyts  

De FNP stelt fragen oan deputearre De Vries oer in driigjende oername fan Omrop Fryslân troch de NPO yn Hilversum. Neffens berjochten op RTV-Noord soe de NPO alle regionale omroppen oernimme wolle.

 

Sybren Posthumus, Fise-fraksjefoarsitter FNP Steatefraksje

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

De FNP wol dat de Provinsje him fûleindich ferset tsjin de plannen, as it allegear wier is.

Wurdfierder Sybren Posthumus seit dat in opheffing fan de iennichste Frysktalige publike stjoerder tsjin alle ôfspraken mei Europa en it Ryk yn giet.  Opheffing soe net allinnich in ramp foar de Omrop betsjutte. Mei de Omrop soe ek in hoekstien ûnder it Fryske taalbelied fan de Provinsje weislein wurde.

 

De plannen fan de NPO soene nei de Steatssiktaris en dêrnei nei de Twadde Keamer stjoerd wurde. De FNP wol dat de deputearre de Steaten sa gau mooglik fan de feiten op de hichte bringt, sadat PS in stânpunt ynnimme kinne.



Downloads:
FNP skriftlike fragen oername omrop fryslân troch npo
Antwurd op FNP fragen npo oername omrop fryslân


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer