NIJS   17-09-2013


FNP pleit foar ekstra tunnels spoar Ljouwert-Grins

Feiligens foar lokale mienskip befoarderje

Auke 2011 lyts   

De FNP yn de Steaten pleitet foar mear ûngelykflierse krusingen yn it spoar Ljouwert-Grins. De partij wol hjirmei de ferkearsfeiligens en de lokale mienskip yn ‘e mjitte komme. De maatregels moatte betelle wurde fan eventuele tafallers op de oanbesteging fan it spoarprojekt. Wurdfierder Auke Bijlsma docht it útstel yn de Steaten fan 18 septimber

 

Auke Bijlsma, FNP wurdfierder Ferkear en Ferfier 

Reaksje? Mail: a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

Ungelykflierse krusingen binne ûnderdiel fan de plannen fan de provinsjes Fryslân en Grinslân om it spoar tusken Ljouwert en Grins fierder te ferdûbeljen en feiliger te meitsjen. Sa wurdt bygelyks de oerwei yn de Skrâns yn Ljouwert oanpakt. Op oare plakken lykas yn it stasjonsgebiet fan Hurdegaryp kin yn dit ramt ek noch in slach makke wurde, tinkt de FNP. Dêr soe in fytstunnel komme kinne.

 

De maatregels moatte betelle wurde út tafallers op de oanbesteging fan it spoarprojekt. Auke Bijlsma fan de FNP: ‘Wy hawwe earder ôfpraat dat dit RSP-ZZL Suderseeline jild ten goede komme soe oan in better iepenbier ferfier yn it Noarden. As FNP wolle wy hjir safolle mooglik lokale foarsjenningen yn Fryslân sels fan realisearje troch ‘wurk mei wurk' te meitsjen. Sa slacht in sa grut mooglik part fan it jild del yn de eigen Fryske gemeenten, en hawwe de ferkearsdielnimmers út de lokale mienskippen der ek it measte oan.'

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer