NIJS   23-09-2013


Mear ryksbanen foar Fryslân

Opinystik Annigje Toering en Sybren Posthumus

 Annigje Toering 2012 05  

It hat wer "kofferketiisdei" west. Op ‘e nij binne pynlike besunigingen oankundige, dy ‘t yngripe op it ekonomysk klimaat yn Nederlân en yn it bysûnder yn Fryslân.  De plannen hawwe ek wiswier syn wjerslach op de wurkgelegenheid yn ús provinsje. Krekt foar de simmerfakânsje waard bekend dat Fryslân 800 banen by de Ryksoerheid ferlieze soe. En no wer 400 arbeidsplakken by de fleanbasis! De ûnbalâns yn de ferdieling oer de provinsjes, dy't troch de Minister (Blok, VVD) tajûn wurdt, is fierstente grut.  Fryslân en de Keamerleden moatte no easkje dat Fryslân net achterút giet, mar der in pear tûzen banen by krijt!

 

Annigje Toering, foarsitter FNP Steatefraksje

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

Elkenien sil syn stientsje bydrage moatte, dêr ‘t it giet om besunigjen. Mar it moat wol ‘earlik' dien wurde, om de slogan fan in lanlike partij te sitearjen. Dêrby sil  perfoarst ek sjoen wurde moatte nei de amtlike organisaasje by de rykstsjinsten. Lykwols, de ferdieling fan banen oer Nederlân moat wol lykwichtich en dêr knypt it no krekt. Lit ús ris nei de hurde kengetallen sjen.

 

Nei de ynkrimping yn de kommende fiif jier soene der yn 2018 noch 203.700 ryksbanen oer wêze. Op grûn fan in neffens ús ridlike mjitstêf, it befolkingspersintaazje (3,9% fan hiel Nederlân), soe Fryslân dan ‘rjocht' hawwe op goed 7900 fte's. Op dit stuit (2013) binne der 5600 fte's yn Fryslân. Op basis fan in earlike ferdieling soe Fryslân dus eins 2300 banen der by krije moatte ynstee fan in ynkrimping mei 1200 banen! As wy sjogge nei it tal ryksbanen yn relaasje ta de totale wurkgelegenheid dan is der ek sprake fan in ûnbalâns: foar Fryslân jildt dat 2,5% ryksbanen is, yn trochsnee is dat 3,4%. Trochrekkene hat dat ek  ekonomysk  nochal wat gefolgen. It ferskil tusken it oantal banen dêr't Fryslân op in earlike basis rjocht op hat (7900 fte) en wat it regear no wol (4800) is leafst 3100 fte. Op basis fan kengetallen dy't yn Drinte hantearre binne stiet 1 fte foar sawat € 100.000 oan ekonomysk effekt.

 

Mei de nijste ferdieling ûnthâldt it Ryk ús skielk dus net ien kear, mar alle jierren in ekonomyske ympuls fan €310 miljoen! Dy is dus noch grutter as de NUON-wurkgelegenheidsympuls fan 300 miljoen euro fan de provinsje Fryslân.  Dêr komt noch by dat it tal m2 kantoar fan it Ryk yn Fryslân mear as gemiddeld ôfnimt. It gemiddelde lanlike ôfname leit op 29 %, wylst de ôfname yn Fryslân 40% wêze sil. Ek dat soarget alle jierren wer foar € 5 miljoen minder oan jild foar de Fryske ekonomy. Al mei al komt Fryslân der tige bekaaid ôf.  No is yn de Twadde Keamer  in moasje oannommen dy't steld dat foarkommen wurde moat dat Fryslân en oare provinsjes by de útwurking fan de besunigings ‘per saldo onevenredig worden getroffen'.  Dat is no lykwols wol it gefal en de Keamer hat dêr, ôfsjoen fan in lytse korreksje fan 200 banen, noch gjin substansjele feroaring yn oanbrocht.

 

Dat it ek oars kin bewiist Seelân: 1000 banen der by.  De FNP is fan betinken  dat ek Fryslân mei stekhâldende arguminten op de tromme slaan moat foar rjochtfeardigens. As it regear trochgiet op it ynsleine paad fersterket dat de lilkens by de Friezen allinnich mar. Der binne al tefolle ynstellings út Fryslân ferdwûn en banen ferlern gongen. De skeve situaasje  is in feit, it wurkgelegenheidsbelied fan ‘Den Haach' wurket swier yn it neidiel fan Fryslân. Fryslân en de Twadde Keamer moatte op de barrikaden foar de fleanbasis en de ryksbanen en it kabinet moat syn ôfspraken neikomme. 

 

Annigje Toering,fraksjefoarsitter FNP

Sybren Posthumus, Steatelid FNP

 

 

 

Dit opinystik is ek pleatst as Te Gast yn de LC fan 23 septimber 2013



Downloads:
Opinystik mear ryksbanen foar fryslân


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer