NIJS   19-02-2015


Hans Konst wol omwenners net belûke by sinneparken

De FNP yn de Steaten fan 18 febrewaris 2015

Auke 2011 lyts

  

FNP amendemint krijt wol stipe fan PvdA

 

De FNP wol dat earst de besteande dakken op stâlen, bedriuweterreinen en oerheidsgebouwen foar sinnepanielen brûkt wurde. Allinnich as it doel dêr net mei helle wurdt, meie der 'sinnegreiden' op de grûn boud wurde. Om foar te kommen dat der no rûnom yn de provinsje in wyldgroei fan losse sinneparken ûntstiet, is it nedich om regels te stellen om it iepen lânskip te beskermjen. De FNP woe yn de provinsjale feroardering regelje dat de omwenjenden meiprate kinne oer de ynklaaiing fan nije sinneparken yn it lânskip.  Deputearre Hans Konst woe dêr lykwols neat fan witte. It amendemint dat de FNP yntsjinne waard lykwols al stipe troch de PvdA, mar ek troch D66, Grienlinks en de fraksje Buisman. Hat de deputearre neat leard fan de diskusjes oer de megastâlen en de wynmûnen?

 

Auke Bijlsma, FNP wurdfierder Enerzjy

Reaksje? Mail auke.bylsmafnp.frl

 

 

FNP wol gjin nije gasboarrings mear yn Fryslân

 

Anna Martha van der Mei 2015 lyts

  

 

De Steaten hawwe nochris befêstige wat yn de jannewarisgearkomste al útsprutsen wie yn in moasje. Gjin nije gasboarrings mear yn Fryslân. Net op de fêste wâl sa as yn Noardwest-Fryslân, net op de eilannen en net op see by dyselde eilannen. De FNP hat fan oprjochting yn 1962 ôf al kritysk west op de gaswinning. No't it rapport oer de feiligens mei de ierdbevings yn Grinslân der leit, kinne wy stelle dat ek de ynwenners fan Fryslân altyd op tuk hâlden binne mei de gaswinning. Wylst de boaiemdelgong hjir like hurd giet en der ûnomkearbere skea oan lân, wetterhúshâlding en huzen en gebouwen ûntstiet.

 

Anna Martha van der Mei, FNP wurdfierder Mynbousaken

Reaksje? Mail annamartha.van.der.meifnp.frl

 

 

Breedbân ynternet: gjin burokratyske drompels foar lokale projekten

 

Sybren Posthumus 2015 lyts

 

 

  

De FNP yn Provinsjale Steaten wol dat de Provinsje fleksibel omgiet mei lokale inisjativen foar breedbân ynternet. Projekten lykas yn Wytgaard en Reduzum rinne no al tsjin burokratyske drompels oan. De FNP hat yn de Steategearkomste fragen steld oer de kwestje.

 

Lês hjir mear oer dit ûnderwerp

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy 

Reaksje? Mail sybren.posthumusfnp.frl

 

 

Weardefolle beammen by stasjon Ljouwert behâlde

 

 foto beammen stasjon   Sympaty wie der ek foar de fraach fan de FNP yn de Steaten en yn de gemeenteried om de weardefolle beammen by it stasjon fan Ljouwert te behâlden. It stasjonsgebiet sil foar miljoenen oer de kop helle wurde. Doel is om úteinlik in folle moaiere entree foar reizigers en gasten yn de haadstêd fan Fryslân te krijen. Dêr heart neffens de FNP ek de 'griene loper' mei beammen fan it stasjon nei de binnenstêd by. De provinsje stekt € 6,5 miljoen yn it projekt. De deputearre hat tasein al it mooglike te dwaan om yn gearwurking mei de gemeente de besteande monumintale beammen te behâlden.

 

Lês hjir mear oer dit ûnderwerp

 

 

FNP stipet inisjatyf Fryske Frijwilligersdei

 

Annigje Toering 2015 lyts

  

De FNP hat altyd in soad wurdearring hân foar de frijwilligers dy't yn ús provinsje de mienskip draaiende hâlde.  Yn ferienings, mantelsoarch, op skoallen, pjutteboartersplakken en by kulturele  en sportive eveneminten. Om dy reden hat de FNP ynstimd mei in moasje fan steatelid Dorrepaal foar in Fryske Frijwilligersdei.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Sosjaal Belied en Soarch

Reaksje? Mail annigje.toeringfnp.frl

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer