Wurdfierder Sybren Posthumus: " Mocht it nije regear dizze plannen trochsette, dan betsjut dat foar alle ynwenners fan Fryslân in ferheging yn de kosten op drinkwetter, op in earste libbensferlet. Dat moatte wy net wolle'.
Wetterbedriuw Vitens is haadrolspiler yn de drinkwetterfoarsjenning yn Fryslân. De provinsje Fryslân is grut-oandielhâlder fan Wetterbedriuw Vitens. De Steatefraksje fan de FNP wol dêrom fan it kolleezje witte oft hja op'e hichte binne fan de mooglike ferheging yn de kosten fan drinkwetter.
Ek wol de FNP-steatefraksje fan it kolleezje witte oft, as it nije regear dizze plannen trochset, de ynwenners fan Fryslân fia Vitens kompensearre wurde kinne yn de kosten. Neffens FNP-wurdfierder Posthumus ‘kin de eigen fermogensposysje fan Vitens fan leafst € 526 miljoen hooplik brûkt wurde om de dryste kabinetsplannen foar de ynwenners te kompinsearjen'.