De FNP hat útfûn dat der yn de perioade 2013-2015 wol gegevens sammele binne oer de effekten fan dong op klaai- en feangrûn, mar dat dêr noch gjin analyze of rapport fan makke is. It Louis Bolk Instituut en de Van Hall Larenstein University moatte dat rapport dien meitsje, fynt FNP wurdfierder Wopke Veenstra.'Wy wolle witte wat it dongjen betsjut foar de delgong fan it feangebiet en hoe't men op in oare wize al trochbuorkje kin. Minder ynkeap fan djoere keunstdong kin foar de boer ek in finansjele ynstruier wêze.'
Praktykûndersiken
Op basis fan literatuerstúdzje en de besteande gegevens út de praktykûndersiken moatte de Steaten skerp yn byld krije wat de effekten fan keunstdong, rûge dong, jarre, kompost en oare dongfarianten binne, sa fynt Veenstra. ‘Dy effekten binne noch nea goed kwantifisearre lykas by oare relevante faktoaren yn de feangreide, bygelyks grûnwetterpeil en djippe grûnbewurkingen. Wy hawwe dy kennis nedich as wy beslute moatte oer de meast effektive maatregels yn in definityf programma nei 2019.'