NIJS   05-01-2013


Ultsje Hosper kandidaat foar foarsitterskip FNP

Op de FNP-Nijjiersgearsit op De Lemmer is de kandidaat bekend makke foar it foarsitterskip.


 

Ultsje Hosper

 

Ultsje Hosper fan Oerterp stelt him kandidaat foar it foarsitterskip fan de FNP. Dat hat it haadbestjoer fan de FNP sneon op de FNP-Nijjiersgearsit op De Lemmer bekend makke. De ledegearkomste fan de Fryske partij beneamt yn maaie in opfolger foar Nynke Beetstra dy't dan oan de ein fan har twadde termyn kaam is.  

                                                                                                                                                                       

 

 

             

 

 

 

 

Hosper is in bestjoerlik swiergewicht mei in grut netwurk. Hy waard in bekende Fries troch syn wurk as biolooch en direkteur fan It Fryske Gea, in funksje dy't hy ferfolle fan 1980 oant syn pensjoen per 1 jannewaris 2012.

 

Hosper hat oanjûn graach wat betsjutte te wollen foar Fryslân, de Friezen en de Fryske kultuer. De FNP is neffens him de ienige partij dy't echt foar Fryslân opkomme kin. De oare partijen moatte allegear dwaan wat har haadkantoar yn De Haach seit.

 

Sjoch ek op 'e side fan Omrop Fryslân en harkje dêr nei it ynteview mei Nynke Beetstra en Ultsje Hosper. En der is ek in item te sjen op Omrop Fryslân TV yn Hjoed.

 

 

 

 



Ultsje Hosper kandidaat foar foarsitterskip FNP



Downloads:
Nijjierstaspraak 2013nynke beetstra1.pdf
Nijjierstaspraak 2013 annigje toering11.pdf


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer