NIJS   06-01-2013


FNP-Miljeupriis en Sulveren Fyts útrikt op nijjiersgearsit

Guus Abercrombie fan Sustainable Winners hat de FNP-Miljeupriis yn ûntfangst nommen. De Sulveren Fyts gie nei Hendrik Boonstra, riedslid yn Skarsterlân.

 

FNP MiljeupriisFNP-Miljeupriis foar ‘Sustainable Winners'

 

It bedriuw Sustainable Winners fan Harich is de winner fan de FNP-Miljeupriis 2013. It bedriuw wurket mei in technology dêr't skjinne enerzjy mei opwekt wurdt. De priis waard op de FNP-Nijjiersgearsit op De Lemmer oerlange oan Guus Abercrombie fan Sustainable Winners.

 

 

 

It bedriuw wûn earder ek al de Herman Wijffels Innovatieprijs 2012. By de technology dy't de priiswinner tapast wurdt biomassa sa as hout troch baktearjes omset. By dat proses komt waarmte frij. De technology is in skjin alternatyf foar ferbaarning omdat der gjin CO2 en oare fersmoargjende stoffen frijkomme. 

 

 

sulveren fyts FNP 2013Sulveren Fyts

 

Op de FNP-Nijjiersgearsit waard ek in oare miljeupriis útrikt: de Sulveren Fyts. Dizze priis foar in persoan dy't praktysk duorsumensbelied útfiert troch foaral te fytsen, gong nei Hendrik Boonstra. Boonstra, FNP-riedslid yn Skarsterlân, fytst alle dagen fan syn wenplak Sint Nyk nei syn wurk yn Opsterlân en werom. Dêrmei is hy neffens de sjuery in foarbyld foar miljeufreonlik wen-wurkferkear.


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer