NIJS   02-09-2013


Start FNP kampanje: Minder Den Haach mear Fryslân

Aksje Warten startskot riedsferkiezings 13 novimber

foto start brege warten 30 08 13   

Warten - De FNP hat freed de 30e yn Warten de offisjele start jûn oan de kampanje "Minder Den Haach Mear Fryslân".  Mei it rûnbringen fan in nijsbrief en de bekende sticker "Ik pompebledsje Fryslân"  begûn de kampanje foar de ferkiezings fan de weryndielingsgemeenten Ljouwert, Boarnsterhim, Hearrenfean, Gaasterlân-Sleat, Skarsterlân en Lemsterlân. Op 13 novimber 2013 binne dy ferkiezings. 

 

Nei taspraken fan Rommert Dijk út namme fan it FNP bestjoer, fan Annigje Toering oer mear eigen foech en sizzenskip en fan Pier Tilma, listlûker fan FNP Ljouwert-Noard Boarnsterhim, is fan út De Wartenster (lytse lokale rekreaasje ûndernimmer) de kampanje út ein setten. It tema is #MinderDenHaachMearFryslân. 

 

De FNP wol noed stean foar mear sizzenskip en partisipaasje foar Fryslân en sa yndirekt ek foar de gemeenten om sa de foarsjennings yn stêd en plattelân yn stân te hâlden. Troch it ferdwinen fan rykstsjinsten, ferkearde besunigings, ferheging fan de lesten en tefolle Haachske regels stiet de wurkgelegenheid ûnder druk yn Fryslân. De FNP wol lokale inisjativen sa as de Wartenster stypje. Mei folle mear sizzenskip foar Fryslân, benammen op it gebiet fan ekonomy en wurkgelegenheid, kin de wurkgelegenheid folle mear stimulearre wurde. No hat de provinsje hast gjin middels en belied om dat te dwaan, wylst it Ryk krekt swier besuniget. 

 

It adagium 'grutter is better' is hieltiid troch de FNP wjersprutsen. Der wurdt gûchele mei sifers en de minsken wurdt foarhâlden dat se der op út foarútgean, mar se reitsje krekt alles kwyt, wurk,skoallen, hûsdokters, swimbaden, har hûs en gean samar troch.

 

De FNP wol yn de kommende riedsperioade noed stean foar:

- wurk foar de minsken,

- de mienskip,

- natuer en lânskip,

- taal en kultuer,

- sizzenskip en partisipaasje,

- foarsjenningen (stêd en plattelân)

- kwaliteit en berikberens fan ûnderwiis en sûnenssoarch.

 

Troch dat de FNP net fêst sit oan Haachske belangen kinne wy der foar pleitsje dat Fryslân mear foech en sizzenskip krije moat om boppesteande saken út te fieren. Mei de minsken yn de mienskip kinne gemeenten en provinsje dêr dan sels mear ynfolling oan jaan. 



Downloads:
Taspraak rommert dijk 30 aug 2013 ferkiezingentart


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer