NIJS   24-09-2013


In memoriam Douwe Bijlsma

Wy binne djip rekke troch syn hastich ferstjerren

douwe 1   

Wy binne djip rekke troch it hastich ferstjerren fan Douwe Bijlsma.

 

Ut namme fan it Haadbestjoer

fan de FNP

 

Ultsje Hosper, foarsitter

Aeltsje de Groot-Zantema, skriuwer 

 

Douwe wie FNP-er yn ieren en sinen. Hy hat jierrenlang mei grutte saakkundichheid en in soad enerzjy tal fan funksjes binnen de FNP ferfolle en waard wol sjoen as it 'gewisse' fan de partij. It opkommen foar de belangen fan Fryslân en de Friezen wie dêrby syn driuwfear.

 

Hy wie oan de ein ta foar de FNP yn it spier yn de EFA, EFA-kommisje en de wurkgroep 'Takomst fan Fryslân'. Douwe wie fan 1989 oant 1998 partijfoarsitter en fan 1999 oant 2011 Steatelid.

 

Mei grutte wurdearring en tankberheid tinke wy oan Douwe syn ynset foar de FNP en Fryslân. Wy sille syn ynbring en loyaliteit tige misse.

 

Wy winskje syn frou Vronie en de bern in protte sterkte ta dit grutte ferlies te dragen.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer