NIJS   08-10-2013


'Kommende riedsferkiezings grutte kâns foar lokale politike partijen'

Lokalen-regionalen besette in kwart fan alle riedssitten

Jaap vd Bij holle  

Lunteren • Professor Dr. André Krouwel en syn team fan de Vrije Universiteit fan Amsterdam hat ûndersyk dien nei de lokale politike partijen. 
Krouwel: “Lokale politieke partijen zijn de grootste niet-coherente politieke kracht in Nederland.”


Jabik van der Bij

Foarsitter OSF, earder partijfoarsitter FNP

 

Reaksje? Mail: jabikvanderbijosfractie.nl 



 

 

Krouwel presintearre de resultaten fan dit ûndersyk: ‘De toekomst van de onafhankelijke politiek’ op 5 oktober yn kongrescentrum De Werelt yn Lunteren. Dêr wie it mienskiplik organisearre sympoasium fan de Vereniging van Plaatselijke Politieke Groeperingen (VPPG) en de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF). By dizze gelegenheid wie ek de Lederied fan de lokale politike partijen yn Nederlân. It ûndersyk rjochtet him foaral op de oerienkomsten en ferskillen tusken lokale en lannelike partijen. Dêrby is benammen sjoen nei patroanen fan kompetysje en de posysje fan lokale partijen yn it partijlânskip. Op grûn fan de posysje fan politike partijen yn 67 gemeenten, it stimgedrach by de riedsferkiezings fan 2010, de posysjes en opinys fan 700 riedsleden en ûndersyk nei polityk relevante emoasjes troch Kieskompas/Ipsos formulearret Krouwel syn befiningen. It falt hjirby op dat de lokale partijen yn Nederlân likernôch in kwart (2.275) fan alle riedssitten (8.654) ynnimme.

 

Potinsjeel

Ut syn befiningen docht ûnder oaren bliken dat it meastepart fan de lokale partijen him it bêste thús fielt oan de rjochterkant fan it politike sintrum. Lokale partijen fersmite likegoed links- as rjochtsekstremisme. Ut de analyse fan it stimgedrach docht bliken dat jonge kiezers de lokale partijen (noch) net fûn hawwe en dat lokale partijen, sa seit Krouwel, polityk sjoen 'allemansvrienden' binne. Fergelike mei nasjonale partijen hawwe lokale partijen oanstriid en sjoch by sosjaal-ekonomyske fraachstikken mear nei 'rjochts'. By sosjaal-kulturele kwestjes bestiet in foarkar foar in konservatyf rjochte oanpak.

Krouwel sjoch kânsen foar lokale partijen by de kommende riedsferkiezings yn maart 2014. Mar dan moatte dy partijen de hjoeddeistige ûnfrede by in soad stimjrochtigen oer it belied fan de regearingspartijen likegoed as de de swakte en ferdieldheid by de opposysje witte te mobilisearjen. “Er is een enorm potentieel aan kiezers om een daadwerkelijke poging te wagen. De gemeenteraadsverkiezingen bieden de lokale politiek een grote kans”, sa stelt Krouwel fêst.

VPPG en OSF
De Vereniging van Plaatselijke Politieke Groeperingen (VPPG) behertiget de belangen fan pleatslike politike groepearingen en harren riedsleden. De feriening is oprjochte yn 1987 en fertsjintwurdiget de grutste streaming fan lokale politisi yn Nederlân. Op dit stuit binne dat likernôch 2550 riedsleden. Troch it fersterkjen fan de ûnôfhinklike lokale polityk stribbet de VPPG nei mear ynfloed troch de boargers (kiezers) op de politike beslútfoarming. Wylst de VPPG him rjochtet op de gemeentlike ûnôfhinklike polityk docht de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF) syn wurk foar de Earste Keamer en de provinsjale politike partijen. Yn de Earste Keamer is de OSF fertsjintwurdige troch in Senator. De OSF is in polityk federatyf platfoarm foar de ûnôfhinklike polityk. Senaatsfraksje en provinsjale politike groepearingen stribje nei synergy op basis fan respekt foar elkoars ferantwurdlikheid. OSF en VPPG lûke safolle mooglik meiinoar op. Se stribje beide nei in polityk klimaat wêryn in sa grut mooglik part fan de boargers him fertsjintwurdige fielt troch de ûnôfhinklike polityk. It doel is “Onafhankelijke politiek dichter bij de burgers brengen”, want “Decentraal en regionaal regeert beter!”.

André Krouwel
Dr. André Krouwel is politikolooch oan de Vrije Universiteit en kolumnist foar it  VNG Magazine en harren webside. Hij is ek bekend as makker fan it Kieskompas.

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer