NIJS   03-01-2014


Frjentsjerteradiel: FNP Natuer- en miljeupriis foar Gerbranda State

It biologysk dynamyske lânboubedriuw Gerbranda State krijt sneon by de Nijjiersgearsit fan de FNP de Natuer- en miljeupriis útrikt.

GerbrandastatePietersbierum

 

Gerbranda State krijt de priis foar har duorsume bedriuwsfiering. Undernimmer Asse Aukes is yn 1990 op it hjoeddeistige plak oan de Hoannestreek yn Pitersbierrum mei ikerbou starten en no binne der 4 haadtakken op it bedriuw dy't inoar fersterkje.

 

De ikerbou is biologysk dynamysk, alle produkten wurde op eigen bedriuw kuolle, bewarre, sortearre en ferpakt. Der wurdt ek wurke mei plantaardige fetten en biodiesel. De geitehâlderij is der kommen om de kringloop sa folle as mooglik te slúten. De geiten wurde foar in part fuorre mei produkten fan it lân en se leverje de dong dy't by de ikerbou nedich is.

 

Yn de buorkerijwinkel wurde de ikerbouprodukten ferkocht en Gerbranda State is ek in soarchbuorkerij wêr't romte is foar ferskate doelgroepen fanôf 16 jier. Op de Nijjiersgearsit fan de FNP op 4 jannewaris yn Grandcafé De Doelen sil it bedriuw de priis oerlange krije troch FNP deputearre Johannes Kramer.

 

GerbrandaState2
GerbrandaState4
GerbrandaState5

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer