NIJS   04-01-2014


FNP optimistysk oer ferkiezings

'De FNP is wakker optimistysk oer de kommende ferkiezings foar de gemeenteried. Alle ljochten steane foar ús op grien.' Dat sei polityk lieder Annigje Toering hjoed op de nijjiersgearsit fan de Fryske partij yn Frjentsjer.

 

 

Foarôfgeande oan de taspraak waard it byld fan Hotze Schuil oanbean oan de direkteur fan it Keatsmuseum (de as typke ferklaaide fraksjefoarsitter fan FNP-Frjentsjerteradiel). It byld is juster út Harns wei ‘stellen' om't de stêd fan it Keatsmuseum fansels net sûnder Hotze Schuil kin. De ôfrûne 4 jier hat de politike diskusje yn NoardWest Fryslân yn it teken stien fan weryndieling. Harns hat besletten selsstannich te bliuwen. En dat is prima, mar Hotze heart by it keatsen en it keatsen heart by Frjentsjer. It is dan ek net om ‘e nocht dat FNP ôfdielings kieze foar slogans lykas "Midden yn de mienskip", "De krêft fan de mienskip" of "De FNP docht it foar jo!".

 

Fuort nei it oerlangjen fan it byld sei Toering yn har kampanjespeech dat de útslaggen fan de weryndielingferkiezings yn It Hearrenfean, Ljouwert en De Fryske Marren sjen litte dat Friezen har nocht hawwe fan Haachsk gedoch en de slogan "Minder Den Haach mear Fryslân" tige goed útpakt is!

 

Op ‘e nijjiersgearsit wurde jierliks ek twa prizen útrikt. De FNP Natuer- en miljeupriis gong dit jier nei Gerbranda State. It biologysk dynamyske lânboubedriuw yn Pitersbierrum.  De Sulveren Fyts krige Wiebe Idsinga út Frjentsjer, de man dy't troch it programma Hea fan Omrop Fryslân de held waard fan de fytsâlvestêdetocht fan 2012, in ljochtsjend foarbyld foar in trochsetter.

 

20140104 150024
 20140104 150003
 20140104 145825 FNPNijjiersstunt

 
Mear foto's sjen? Gean dan nei Facebook.Ynlogge is net nedich!



FNP optimistysk oer ferkiezings



Downloads:
Nijjierstaspraak ultsje hosper.pdf
Nijjierstaspraak annigje toering.pdf


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer