NIJS   15-02-2014


Douwe Bijlsma postúm earelid EFA

Kroan op alle wurk foar Fryslân en Europa

 douwe 1  

Yn Santiago de Compostella hat de algemiene ledegearkomste fan de EFA (European Free Alliance) de ferline jier ferstoarne Douwe Bijlsma beneamd ta earelid.

 

Santiago de Compostella (Galisië) - De algemiene ledegearkomste fan de EFA hat op 14 febrewaris 2014 Douwe Bijlsma silger beneamd ta earelid fan de partij. De ferline jier ferstoarne Bijlsma hat as bestjoerslid fan grutte betsjutting west foar de EFA (European Free Alliance). Fierder hat er him tige aktyf ynsetten foar de organisaasje fan it EFA-kongres yn it WTC yn Ljouwert en hat er lange tiid foarsitter west fan de EFA (Europa) kommisje fan de FNP. 

 

Deputearre Johannes Kramer hat juster as formeel fertsjintwurdiger fan de FNP it earelidmaatskip yn ûntfangst nommen en sil it letter oan de famylje fan Bijlsma oerlangje. Foar de FNP is it postume earelidmaatskip fan Bijlsma in kroan op alle wurk dat hy yn Fryslân en Europa dien hat.

 

 

Ultsje Hosper,

Foarsitter FNP



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer