Foar dy takomst is benammen belutsenheid nedich fan fertsjintwurdigers út de gebieten - binnen en bûten ús lân - dy't werklik bydrage kinne oan de CO2-reduksje en saakkundigen dy't mooglikheden ûndersocht hawwe om echt wat te dwaan oan de opwekking fan duorsume enerzjy. Lit ús hoopje dat no net wer allinnich út de Haachske burelen wei betocht wurdt wêr't oplossingen te finen binne. Sûnt de tiid dat men dêr mei eachkleppen op de kontroversjele wynmoleparken-op-lân betocht, en slimmer noch in heger gasproduksje gewurde liet, binne de ynsichten foar oplossingen gâns ferbrede en wiswier ek yn ús provinsje.
Spitich is it dat der sa't it no liket wer oplossingen betocht wurde 'foar Jo mar sûnder Jo'. It 'grutkaptaal' stiet al klear en syn lobbyisten rjochtsje har no op de 'swiergewichten' om harren te oertsjûgjen dat se prima helpe kinne om de stelde doelen te berikken. Mar it efterlizzende doel is stevige winsten te meitsjen de merkposysje te fersterkjen. Se binne dêrta fergunningen nedich om ús Fryske lânskip te eksploitearjen.
Ut de opbringsten fan de EFA- enerzjykonferinsje ein oktober l.l. yn Ljouwert en út ferskate ûndersiken fan û.o. de Provinsje, witte wy ûnderwilens hiel goed hoe't wy écht wurkje kinne oan CO2-reduksje. Mei 'statistical transfer' kin men CO2-reduksje ek regelje mei oare lannen yn Europa. De FNP hat hjiroer yn de Steaten fragen steld. Yn oare lannen wurdt al hiel lang arbeide oan geotermy. It is net ferstannich om de ûndergrûn te belêsten mei gasboarrings want dat makket dizze écht duorsume technyk folle lestiger ta te passen.
No't der yn de Fryske Steaten in moasje oannommen is om mei in Fryske ‘'Taskforce'' konkrete stappen te setten foar in fossylfrij Fryslân, en de ekspertize dêrfoar klear stiet, soe it goed wêze dat der út Deputearre Steaten wei in sinjaal ôfjûn wurdt oan de 'swiergewichten' dat wy hjir ús eigen plannen al klear hawwe te lizzen of echt sels ûntwikkelje. Dus no trochpakke en in eigen koers ôftwinge yn it belang fan Fryslân en syn ynwenners. Dêrby ek oantekenjend dat 'De Haach' him gjin dreamen oanmjit wêrby't de Friezen, en ek de Grinzers en de Drinten, net wer slachtoffer wurde fan ideeën dy't basearre binne op âlde CO2-reduksje techniken. Nee, lit men yn de Rânestêd benammen sjen nei oplossingen dy't ek dêr te realisearjen binne en dy't ek wol bekend binne by de universiteiten en ynstituten dêre.
Klaas Fokkinga en Henk de Vries, resp. Steatelid FNP en foarsitter Enerzjy Wurkgroep FNP.
Dit artikel is tagelyk ferskynd as opinystik yn de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad fan 12 maart 2018.
Taheakke: Moasje Taskforce enerzjytransysje