NIJS   11-10-2014


Leden FNP ienriedich tsjin wynmûnen op lân

Fideo: stipe foar stânpunt Steatefraksje

12 duurzaamheid   

De leden fan de FNP binne hast unanym tsjin nije wynturbines op lân. Dat wie de útkomst fan de ekstra ledegearkomste op 11 oktober by Duhoux yn Wurdum. De oanbefellings fan de kommisje-Winsemius / Fryslân foar de Wyn foar nije wynmûneklusters is by de FNP-ers sa goed as gjin stipe foar. De measte leden fine dat it Fryske lânskip net fierder skeind wurde mei. De FNP wol sjen nei oare foarmen fan enerzjy-opwekking en -besparring as alternatyf foar de mûnen. Men stipet de fraksje ienriedich.

 

 

Nei in libbene diskusje wêryn elk sizze koe wat er woe, stelde partijfoarsitter Ultsje Hosper fêst dat it sinjaal hiel helder is. 'Earst ûnder elkoar yngreven de diskusje fiere, dan in dúdlik beslút nimme, dan ienriedich nei bûten ta. De FNP wol gjin nije wynmûnen op it lân.' 

 

It wie mei 127 oanwêzige leden ien fan de drokst besochte gearkomsten fan de lêste jierren. Troch in tal leden is in moasje yntsjinne as befestiging fan it belied fan de FNP-fraksje yn de Steaten. Dizze moasje waard troch 123 leden stipe, der wiene trije ûnthâldingen en ien tsjinstim. De moasje seit dat de ynset fan de fraksje en de deputearre trochset wurde moat. Dat betsjut in line-opstelling op of lâns de Ofslútdyk, de Kop fan de Ofslútdyk en as it net oars kin it klaverblêd by it Hearrenfean. Besteande mûnen moatte opromme wurde en der moat sjoen wurde nei alternativen lykas enerzjybesparring. Dêrmei hâldt de FNP fêst oan it provinsjale koalysje-akkoart. De plannen fan Winsemius/Fryslân foar de Wyn geane folle fierder.

  

Troch de grutte opkomst en it hiel dúdlike, hast unanime lûd oer it advys en de moasje, fielt de Steatefraksje in grutte stipe yn de rêch fan de leden. Fraksjefoarsitter Annigje Toering: 'Oer de measte punten dy't de moasje neamt hawwe wy yn juny 2014 yn de Steaten moasjes yntsjinne dy't dêr ek in mearderheid krigen. Wy wolle dat dy moasjes no útfierd wurde. Wy hawwe mei súkses in maksimum steld fan 530,5 MW, dêr't oaren dat iepen litte woene. It opromjen moat regele wurde; de Ofslútdyk moat as mooglike lokaasje wer folslein yn byld komme. Uteinlik wolle wy ta op in Fryslân sûnder wynmûnen op de fêste wâl. It fielt goed dat de leden sa efter ús steane om dit doel te berikken.' 

 

 

Klik hjir fierder nei de fideo fan Omrop Fryslân mei Annigje Toering 

 

 



Downloads:
2014-10-11 FNP moasje wynmûnen


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer