NIJS   27-10-2014


Wat is de rol fan de húsdokter nei 1 jannewaris 2015 ?

FNP sympoasium 25 novimber 'soarch oer de soarch'

huisartsenpost   

Wat is de rol fan de húsdokter nei 1 jannewaris 2015 ? 

 

Dat is de wichtichste fraach op it sympoasium "Soarch oer de soarch" dat op 25 novimber troch de Fryske Nasjonale Partij yn It Posthûs op it Hearrenfean organisearre wurdt.

 

De FNP makket him, krekt as in soad oare organisaasjes, soargen oer de takomst fan de soarch, mar set benammen fraachtekens by de rol fan de húsdokter. Hy of sy kriget troch de desintralisaasjes fan de WMO/AWBZ nei 1 jannewaris 2015 in folle wichtiger rol. De húsdokter wurdt de spil yn de saneamde earste soarchline en hat yn de takomst in soad te krijen mei de gemeenten. Soarch en wolwêzen komme hjirtroch ticht by elkoar. Neffens de FNP is dizze nije rol fan de húsdokter oant no ta te min yn de publisiteit nei foaren kaam. Reden foar de partij om hjir mei in sympoasium ekstra omtinken oan te jaan.

 

Foar it sympoasium binne sprekkers útnoege fan it ministearje fan VWS en in grutte soarchfersekerder. In panel, besteande út in Fryske wethâlder, de direkteur fan in thússoarch- ynstelling, de direkteur fan de lanlike feriening fan mantelsoargers, in húsdokter en in fertsjintwurdiger fan it CJG, sil yngean op de ynliedingen, mar ek op in tal stellingen. Hja kinne dan oanjaan hokker swierrichheden der yn de nije situaasje ferwachte wurde, mar ek hoe't soks oplost wurde kin of moat.

De FNP wol op dizze jûn dan ek dúdlik krije wat no krekt de rol is fan de húsdokter en wat der fan him of har ferwachte wurdt.

 

 

Belangstellenden foar dizze jûn kinne har oanmelde by Ate Eijer: a.eijerheerenveen.nl



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer