NIJS   20-12-2014


FNP delegaasje nei De Sionsberg yn Dokkum

Oerlis mei spesjalisten oer rol polityk

huisartsenpost   

In grutte delegaasje fan de FNP hat op 20 desimber in wurkbesite brocht oan it sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. De FNP gie yn petear mei spesjalisten fan De Sionsberg om fan harren te hearren hoe't se de takomst fan it sikehûs sjogge.

 

Reaksje? Mail FNP listlûker Johannes Kramer: johannes.kramerfnp.frl

 

De FNP woe graach witte fan de spesjalisten wat sy tinke dat de rol wêze kin fan de polityk, sawol gemeentelik as provinsjaal.

 

De delegaasje fan de FNP bestie ûnder oare út deputearre en FNP listlûker Johannes Kramer, Annigje Toering, fraksjefoarsitter fan de FNP yn Provinsjale Steaten en fertsjintwurdigers fan de FNP yn de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân.

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer