NIJS 27-03-2018
FNP en CDA: brûk tafaller Ofslútdyk foar ferbreedzjen slûs Koarnwertersân
Okkerdeis die bliken dat der in tafaller is fan 81 miljoen by de oanbesteging fan it wurk oan de Ofslútdyk. Steateleden Johan Tjalsma (CDA) en Klaas Fokkinga (FNP) tsjinje in moasje yn.
Se freegje in oantrún by it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat
om dit jild te besteegjen oan it ferbreezjen fan de slûs op Koarnwertersân en
de fernijing fan de steuringsgefoelige brêgen.
Ekonomyske kânsen
Tjalsma: "De slûs by Koarnwertersân hat beheinde ôfmjittingen (14 meter)
sadat guon skippen no net troch de slûs kinne. Noard-, East- en Midden-Nederlân
rinne dan ek grutte kânsen en opdrachten mis. It ferbreedzjen fan de slûs oant
in breedte fan 25 meter jout ekonomyske kânsen oan de regio, tink oan de werf
fan Makkum.". "As it oanbestegingsfoardiel beskikber bliuwt, dan kin de winske
oanpak fan de ferkearsbrêgen by de slûs ek earder barre" follet Fokkinga oan.
"Oplossen fan de hieltyd werom kommende stremmingen yn dizze nasjonale
ferbining hat ek in posityf effekt op de ekonomy."
Ek budzjet út de regio
De provinsje Fryslân hat al earder oanjûn dat der jild beskikber is foar it
ferbreedzjen fan de slûs. Dêrnjonken is der út it Ryk wei jild beskikber om
regionale knyppunten op te lossen. Fokkinga en Tjalsma: "Sels it bedriuwslibben
yn de regio wol ek in stientsje bydrage. As wy dit optelle by de tafaller fan
81 miljoen, moat der neffens ús in wize te finen wêze om de brede slûs te
realisearjen." Wy sjogge hiel graach dat de deputearre in sterk sinjaal oan de
minister jout.
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP