De Frijbûtser fan maaie leit op de matte. It Haadbestjoer nûget op de foarside de leden foar de Algemiene Ledegearkomste op freed 29 maaie. Yn dizze ôflevering fierder in evaluaasje fan de ferkiezings troch it HB. Fan de Steatefraksje in artikel oer de ynstek fan de FNP foar Omrop Fryslân yn de nije mediawet. Annigje Toering hat in lintsje krigen foar har fertsjinsten nei tolve jier yn de Steaten, en Klaas Fokkinga is ynhammere as Earste Opfolger. Corlienke de Jong en Johannes Kramer dogge ferslach fan it proses om ta in nije koälysje mei de FNP te kommen. Dat rint goed oant no ta. Ek yn Europa rint it goed mei de FNP; Sybren Posthumus docht ferslach fan it jierlikse EFA-kongres. De FNP hat dêr twa wichtige moasjes binnen helle.
-----------------------
Klik hjir fierder nei de Frijbûtser fan maaie 2015