Ultsje Hosper freget yn syn haadartikel om meiinoar de skouders der ûnder te setten yn it kommende politike jier. Der is in wiidweidich fotoferslach fan de seizoenstart en it nije HB-lid Jan Lammers presintearret himsels.
Fraksjelieder Corlienke de Jong makket yn in artikel dúdlik mei hokker ynstek de Steatefraksje it debat oer Omrop Fryslân yn giet. Oars as de Haachske regearingspartijen hat de FNP dêr wol in pear sinten foar oer. Fan de Steatefraksje fierder nijs oer it fierljeppen, de rjochtspraak yn Ljouwert, baneferlies by de ûnderwiisynspeksje en ferkearstunnels by De Jouwer en Surhuzum.
De nije Wetterskipsfraksje lit mei fragen oer de Feangreide en de CO2-útsjit sjen dat hja kritysk dielnimme oan it aktuele debat. De redaksje ropt ta beslút eltsenien op om nei de Warnsbetinking 2015 te kommen mei it tema 'Kommende generaasjes'. Haadsprekker is Chris van Hes, foarsitter fan de Jongfryske Mienskip.
Klik hjir nei de Frijbûtser fan septimber 2015