NIJS   14-12-2015


Frijbûtser desimber no online

Stamppot ite mei de partij

De FNP-Nijjiersgearsit is 2 jannewaris 2016 yn It Surhústerfean. Sjoch foar it folsleine program de foarside fan de nijste Frijbûtser. Yn dit nûmer fierder it ferslach en fotoreportaazje fan de Algemiene Ledegearkomste op 20 novimber.

 

Ultsje Hosper skôget yn syn haadartikel it geweld yn de wrâld en de omgong fan it Nederlânske regear mei de asylsikers. De Steatefraksje bringt de resultaten út de Steateseal fan novimber. De kaderkommisje noeget de leden foar in FNP-temajûn op 10 febrewaris ûnder de titel 'Wy wolle fierder mei it Frysk'.

 

Haadbestjoer, steatefraksje, redaksje, fraksje- en buromeiwurkers winskje elkenien noflike krystdagen en in goed, sûn en suksesfol 2016.

 

 

Taheakke:

Frijbûtser 441 desimber 2015



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer