NIJS   08-02-2016


Frijbûtser fan febrewaris no online

Oprop foar FNP-kaderjûnen 10 en 18 febrewaris

Nei in brede folkspartij? Under dy kop besprekt partijfoarsitter Ultsje Hosper de reaksjes op syn nijjierstaspraak. Fierder yn dizze Frijbûtser in fotoferslach fan de nijjiersgearsit yn Surhústerfean en de desimbergearkomste fan Provinsjale Steaten. Johannes Kramer krige wurdearring foar syn taspraak by susterpartij de SSW yn Noard-Fryslân. Klaas Fokkinga wol net alle aaien ûnder ien hin lizze yn de enerzjy- en klimaatdiskusje. De FNP-jongerein hie in motivearjende aktiviteit yn it Smelnehûs yn Drachten. Ta beslút in ynstjoerd stik fan Hessel Bouma oer natuerbehear.

 

Yn dizze Frijbûtser twa oproppen fan de Kaderkommisje:

 

10 febrewaris 20:00 yn De Grutte Wielen - Taalbelied: hoe kinne gemeenten en riedsleden dêr optimaal gebrûk fan meitsje

 

18 febrewaris 20:00 seal Duhoux yn Wurdum - ynformaasjejûn foar alle nije FNP-leden 

 

 

Taheakke: Frijbûtser 442 - febrewaris 2016 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer