It Haadbestjoer nûget de leden foar in diskusje op 8 oktober. Dy sil gean oer it 'praatstik' oer de takomst fan de partij en is in ferfolch op de byienkomst fan 9 july. Yn dizze Frijbûtser in ferslach fan dy lêste gearkomste en in wiidweidige reaksje fan it Haadbestjoer op de gong fan saken.
Fierder yn dit nûmer in ferslach fan de politike seizoenstart plus resinte aktiviteiten fan de Steatefraksje en de FNP-deputearre. De FNP-fraksje yn it AB skriuwt oer it plak fan it Frysk by it Wetterskip. De FNP-temajûn oer enerzjy op 17 juny is tige slagge; ek fan dizze aktiviteit in ferslach. Ta beslút in oprop om nei de Warnsbetinking 2016 te kommen. De Betinking is op 24 septimber en hat as tema: 'De Fryslannen op nei 2018'.
Klik hjir nei de Frijbûtser fan septimber 2016