NIJS   31-10-2016


Frijbûtser no online

Mei ferslach fan de diskusje op 8 oktober 2016

De útnûging foar de ALG op 25 novimber. Dêr begjint dizze Frijbûtser mei. Op de side fan it HB in gearfetting fan de diskusjegearkomste op 8 oktober 2016. De FNP siket mei yngong fan maaie kommend jier in nije partijfoarsitter. Minsken kinne nammen trochjaan oan de sollisitaasjekommisje. Fierder ek in oprop foar nije kandidaat-HB leden.

 

De Steatefraksje docht ûnder oaren ferslach fan in slagge aksje by Sionsberg yn Dokkum. De nije mediawet is dochs noch troch de Earste Keamer kommen. It ûnderdiel regionale media is lykwols oanhâlden. Omrop Fryslân bliuwt sadwaande earst selsstannich, mar de besuniging fan it Ryk wurdt wol trochset. Hindrik ten Hoeve seit yn syn sprektekst foar de Keamer hoe't hy dêr mei om gean wol.

 

Ta beslút wer in side mei nijs fan de FNP-ôfdielingen: ôfskied fan Marten van der Veen as wethâlder fan Achtkarspelen, de nije FNP-ôfdieling Waadhoeke op Biltske les, en in slagge ledereiske fan de ôfdieling Ljouwert.

 

  

Klik hjir nei de Frijbûtser fan oktober 2016

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer