'It Frysk stiet der tige faai foar'. Dêr giet de kollum fan partijfoarsitter Ultsje Hosper oer. Fierder hat Nynke Beetstra yn dizze Frijbûtser in stik oer in besibbe ûnderwerp mei as titel 'Fiif foar tolven foar it Frysk'. De Nijjiersgearsit fan de FNP is op 7 jannewaris 2017 by sealesinstrum Old Dutch yn De Westereen. Neiere ynformaasje oer it krekte program folget noch.
Yn dit nûmer fierder it ferslach fan de lêste Ledegearkomste, meidielings oer it al dan net meidwaan oan de Twadde Keamerferkiezings fan de OSF en de FNP en in stik oer it grûnbûne en biologysk buorkjen en it fosfaatakkoart. De Steatefraksje docht ferslach fan ferskate resinte aktiviteiten, en der binne artikels oer in slagge FNP wurkbesite yn Frjentsjerteradiel en oer de weryndieling om de gemeente Ljouwert hinne.
Taheakke: