NIJS   09-04-2020


FNP: yntegraal finansjeel krisispakket by provinsje

De FNP wol dat de provinsje Fryslân mei ien yntegraal krisispakket komt by de ‘Kadernota' yn juny. Dêr soenen alle maatregels fan de provinsje Fryslân yn ferbân mei de corona-krisis mei finansjele konsekwinsjes yn komme moatte. Dat sil de FNP moarn yn de kommisjegearkomste en yn de Steaten fan 22 april nei foaren bringe.

"‘Ynset Corona troch provinsje goed ôfweagje'" (Sybren Posthumus)

Balâns 

De FNP wol foarkomme dat ien of in pear sektoaren yn de maatskippij in soad jild krije fan de provinsje en dat oaren oan de krapperein komme. Finansjeel wurdfierder Sybren Posthumus: ‘De finansjele ynset troch de provinsje Fryslân moat yn balâns wêze. Wy moatte ek sjen nei wat it Ryk, gemeenten en oaren dogge. En wat de krekte helpfraach is. Mei de beheinde middels moat der in goede ôfwaging plakfine'.

 

Yntegraal 

De FNP komt mei de oprop omdat yn de Steaten fan Fryslân it ûnderwerp ‘Gastfrijheid' yn april as earste oan de oarder komt. In sektor dy't swier troffen is troch de aktuele situaasje en wiswier alle stipe fertsjinnet. Lykwols is it gefaar no dat alle omtinken nei dy sektor ta giet, wylst bygelyks ek de lânbou, kultuer, oare tsjinstferliening en doarpshuzen slim te lijen hawwe fan de krisis. Dêrom is it saak dat de situaasje yn álle sektoaren yn byld brocht wurdt en dat der in passend yntegraal krisispakket troch it Kolleezje fan Fryslân útwurke wurdt.

 

 



Tags: faklju, libje yn fryslan, polityk bestjoer, wurkje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer