NIJS   05-03-2018


Ferkiezingen gemeenterieden 21 maart - Frijbûtser fan maart no online

Partijfoarsitter Van Mourik winsket alle leden, kandidaten, ôfdielings, kommisjes en oaren dy't yn it spier binne foar de riedsferkiezings in goede tarieding en in prachtige útslach ta.

Yn it ramt fan de ferkiezingen presintearje de listlûkers fan FNP Achtkarspelen en FNP Tytsjerksteradiel har mei de lokale spearpunten út de ferkiezingsprogramma's. Yn de rubryk 'de leden oan it wurd' wol Hans Nauta ta op in diskusje oer de 'N' yn ús partijnamme. De FNP fraksje fan Súdwest-Fryslân siket in nije fraksje-kommunikaasjemeiwurker. It haadbestjoer docht nochris in oprop om it boargerinisjatyf 'Minority Safepack Initivative' foar stipe oan de lytse talen yn Europa te tekenjen.

 

Yn dizze Frijbûtser fierder in nijsgjirrige aktiviteit by de iepening fan de Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. De FNP wie der by en Corlienke de Jong docht ferslach. De Steatefraksje bringt wer ferskate berjochten út de lêste steategearkomsten. Sake van der Meer en Jan van der Kooi jouwe in oersjoch fan de aktiviteiten by de Wetterskipsfraksje fan de FNP.

 

Klik hjir nei de Frijbûtser 457 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer