NIJS   21-04-2018


Frijbûtser fan april no online

It haadbestjoer nûget de leden foar de Algemiene Ledegearkomste op 25 maaie. Wat der allegear te bepraten is stiet foar op dizze Frijbûtser.

Sleepwet 

Yn dit nûmer fierder it Jierferslach 2017 fan de partij. It bestjoer ropt leden op om mei te tinken oer FNP-dielname oan de ferkiezingen foar de Twadde Keamer. Wiebe Hoekstra docht ferslach fan de slagge diskusjejûn op 1 maart oer de 'Sleepwet'.

 

Partijnamme 

De Steatefraksje docht ferslach fan de politike aktiviteiten binnen en bûten de Steaten. Cees van Mourik skôget de lêste riedsferkiezingen en ropt de leden op de skouders der meiinoar ûnder te setten.  Yn de rubryk 'de leden oan it wurd' docht bliken dat der net by elkenien ferlet is om de âlde diskusje oer de 'N' yn de partijnamme op'e nij te fieren.

 

Klik hjir nei de Frijbûtser fan april 2018 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer