Wolkom op de kampanjestart fan de Steateferkiezings fan 20 maart 2019! Mei de jierlikse nijjiersgearsit pakke bestjoer, de ôfdieling Súdwest-Fryslân en in kampanjetiim út op sneon 5 jannewaris yn Boalsert.
Der is in moarnsprogram mei workshops + in mooglikheid om op de
foto te kommen. Middeis binne der de bekende ûnderdielen, mar ek ferrassings en
taspraken fan de trije listlûkers.
Bisto/ binne jo derby yn Boalsert?!
Dizze dei
* wurkwinkels û.m. oer it wetterskip, de kampanje, in nij (?!) webstek, natoerynklusyf buorkjen, de súksessen út Noardeast-Fryslân, ....
* in mooglikheid om op 'e foto te kommen!
* byprate, moetsje, nijjierswinskje
* taspraken fan de listlûkers!
Lokaasje
De Groene
WeideDe lokaasje leit tsjinoer it busstasjon fan Boalsert. Auto's kinne fergees
parkeard wurde oan de Badwei (oan de oare kant fan de dyk). Better net op it
terrein fan de supermerk Jumbo njonken it hotel, want dy wurdt oan ‘e ein fan
de dei ôfsletten.
Adres
Snekerstraat 2,
8701 XD Boalsert
Opjaan moarns
Meidwaan oan it moarnsprogram mei wurkwinkels: fnphusfnp.frl
** fermeld dat wy in WOL as NET fotomomint foar dy/ foar jo ynplanne moatte!
Opjaan iten middeis
Graach foar 30 desimber efkes opjaan as jo mei-ite wolle. De kosten binne €
16,- de persoan, kontant te beteljen by it ynrinnen. Opjefte foar it
stampotbuffet kin by de skriuwer fan de ôfdieling, Anke Dykstra, e-post: anke.de.boerfnp.frl of telefoanysk 0515-541997. Dieetwinsken kinne dan ek
trochjûn wurde.
![]() FNP Fryslân |