NIJS   12-05-2004


DS yn de fout mei fergunning Frisia Sâlt

De FNP hat ûntdutsen dat de provinsje syn eigen regels oangeande it hifkjen fan gemeentlike plannen oan de Flora en Faunawet yn it gefal fan de sâltttransportlieding fan Frisia net tapast hat. Der hie earst in ekologysk ûndersyk dien wurde moatten. Ut sa’n ûndersyk moat bliken dwaan oft der ek te beskermjen soarten troch wurksumheden yn’e knipe komme. Nei sa’n ûndersyk hie it Kolleezje gjin tastimming jaan kind, want de wurksumheden fûnen yn it fûgelbriedseizoen plak. De FNP stelt oanfoljende fragen oer de kwestje oan DS.

DS hawwe op 22 july 2002 in brief stjoerd oan alle Fryske gemeenten mei de ynstruksje om by it ôfjaan fan in fergunning yn it ramt fan de Wet Romtlike Oardering (bestimmings-planwizigigen en saneamde Artikel 19 frijstellingen) mei it each op ’e Flora- en Faunawetin ekologysk ûndersyk te dwaan. De gemeente Frjentsjerteradiel hat dit net dien, nei eigen sizzen om’t it om in oanlisfergunning binnen in besteand bestimmingsplan gie. En de provinsje hat dêr, net tsjinsteande har eigen ynstruksje út 2002, ek net nei frege. Hja hawwe in ferklearring fan gjin beswier ôfjûn op basis fan Artikel 19 lid 1 foar de putkelders fan Frisia en (parten fan) de sâlttransportlieding.

De FNP hat earder op 24 maart fragen oan DS steld oer dizze proseduere. De gemeente wol mei in Artikel 19 lid 1 proseduere ôfwike fan it bestimmingsplan en hat, om soks dwaan te kinnen, tastimming fan DS nedich. DS stelle yn harren andert op ús fragen dat de Flora- en Faunawet gjin betingsten stelt oan it ôfjaan fan sa’n ferklearring fan gjin beswier. It beskermjen fan de fûgelnêsten is neffens DS in saak fan it bedriuw dat de lieding oanleit. Yn syn algemienens soe it der op delkomme dat wurksumheden dan bûten it briedseizoen plakfine moatte. Soks is lykwols net bart.

It liket der op dat, sjoen de antwurden op ús fragen, DS harren eigen ynstruksje hjir efkes ’fergetten’ binne. De FNP hat fan tinken dat DS ûnterjochte in ferklearring fan gjin beswier ôfjûn hawwe en dat soks werom draaid wurde moat.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer