NIJS   10-03-2015


FNP: no stappen sette foar takomst Omrop Fryslân

Ympasse yn ûnderhannelingen trochbrekke

Annigje Toering 2015 lyts      

De provinsje moat in finansjeel bod dwaan om de takomst fan de Omrop feilich te stellen. De FNP wol dat dêrmei de ympasse yn de ûnderhannelingen oer de Omrop trochbrutsen wurdt.  De partij hat noed oer de plannen fan ROOS foar in Noardlike omropkluster. Sa'n nije organisaasje yn Grins is gjin goede basis foar de takomst fan de Frysktalige programmearring. Dat falt te lêzen yn skriftlike fragen fan de FNP oan DS. De partij dielt folslein de slimme noed en soarch hjiroer by de efterban fan de Omrop.

Annigje Toering, FNP wurdfierder Taal, Kultuer en Media

Reaksje? Mail annigje.toeringfnp.frl

 

De FNP stelt dat der te min fyzje is hoe't de Omrop en it Frysk goed ferankere wurde moatte yn de nije Mediawet. Wurdfierder Annigje Toering: ‘It hat allegearre fierstente lang duorre mei dizze slepende ûnderhannelingen. De steatssekretaris hat hiel tûk de hjitte ierappel fan de besunigingen en de reorganisaasje fan de regionale omroppen trochskood nei de koepelorganisaasje ROOS. Dêrtroch liket de provinsje it stjoer kwyt oer de ûntwikkelingen, prate wy allinnich noch oer jild en giet it te min oer de wetlike ferankering.'

De Twadde Keamer en de Kommisje-Hoekstra hawwe oanjûn dat der in wetlike ferankering komme moat fan de ‘folsleine en alsidige programmearring' yn it Frysk. Der is ek advisearre mei in aparte finansiering foar de Omrop te kommen. Sa kinne se dizze spesjale taak foar it Frysk útfieren bliuwe.

De Omrop moat as stjoerder mei in eigen bestjoer en direksje bestean bliuwe, stelt de FNP. Dat is de bêste garânsje foar de takomst fan dy wetlik regele Fryske programmearring neffens Toering: ‘Dizze fyzje sjogge wy net goed werom yn de aksjes fan de provinsje. Yn stee dêrfan sitte wy no klem yn it jierlikse stekspul oer besunigingen fan it Ryk oan de iene kant en de plannen fan de ROOS foar in Noardlik kluster oan de oare kant. Mei in finansjele stap fan de provinsje Fryslân kin de ympasse neffens ús trochbrutsen wurde.'



Downloads:
FNP skriftlike fragen takomst omrop fryslân
50 redenen 2012 wêrom`t de omrop bliuwe moat
Antwurd op FNP fragen takomst omrop fryslân


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer